thumb|Selma Lagerlof Selma Ottilia Lovisa Lagerlöf (bûtenpleats Mårbacka, gemeente Sunne (Värmlands län), 20 novimber 1858 – dêre, 16 maart 1940) wie in Sweedsk skriuwster, dy't it meast bekend wurden is troch har berneboek Nils Holgerssons wûnderlike reis.
Yn 1909 ûntfong hja as earste frou yn de wrâld de Nobelpriis foar de Literatuer en yn 1914 waard se lid fan it komitee dat de Nobelpriis foar de Literatuer takend: de Sweedske Akademy.
Sy wenne yn it plak Sunne, dêr't twa hotels nei har ferneamd binne.
Yn har bûten Mårbacka (ûnder Sunne) is no in museum festige.
Sûnt 1991 stiet har portret op it bankbiljet fan 20 Sweedske kroanen.
Bibliografy Kar-út. Gösta Berlings saga (1891) Osynliga länkar (1894) Antikrists mirakler (1897) En herrgårdssägen (1899) Jerusalem (1901-02) Herr Arnes penningar (1904) Kristuslegender (1904) Nils Holgerssons underbara resa genom Sverige (1906-07) Liljecronas hem (1911) Körkarlen (1912) Kejsarn av Portugallien (1914) Troll och Människor (1915) Löwensköldska ringen (1925) Carlotte Löwensköld (1927) Anna Svärd (1928)
Keppeling om utens audio ferzje fan Niels Holgerson
Kategory:Sweedsk romanskriuwer Kategory:Sweedsk skriuwer fan histoaryske fiksje Kategory:Sweedsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Sweedsk deiboekskriuwer Kategory:Sweedsk politikus Kategory:Sweedsk feminist Kategory:Winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer Kategory:Persoan berne yn 1858 Kategory:Persoan stoarn yn 1940