Bewustwêzen kin omskreaun wurde as subjektive refleksje op yndrukken út de bûtenwrâld (witte fan watst sjochst, hearst of fielst en dêroer fertelle kinne) of op eigen mentale prosessen (witte wat der yn dy omgiet en dêroer fertelle kinne). Oars sein: bewustwêzen is in tastân fan de geast dy't kenmerke is troch in besef fan it eigen ik en de omjouwing.A. Damasio (2010). Self Comes to Mind, Constructing the Conscious Brain. Pantheon Books, New York. It is in ûnderwerp fan stúdzje yn de moderne filosofy, psychology en kognitive neurowittenskip.

De term "bewustwêzen" is ôflaat fan it Dútske Bewusstsein, yntrodusearre troch de filosoof Christian Wolff (1679-1754). Besibbe begripen binne: besef, noasje, jin realisearje, weet hawwe, trochkrongen wêze (fan), yn de gaten hawwe en yn sekere sin ek besinning en gewisse.

Oer it bewustwêzen besteane in soad ferskillende fyzjes. By guon fyzjes steane benammen de wiisgearige en teoretyske ymplikaasjes sintraal. Bewustwêzen wurdt yn de psychology globaal op twa manieren definiearre, nammentlik as in bewustwêzenstastân, of as in belibbing fan de omjouwing en it eigen ik. Us bewustwêzenstastân kin fluktuearje tusken wake en sliep. De twadde foarm fan bewustwêzen hat te krijen mei ús subjektive -of eksplisite- belibbing fan foarfallen yn de omjouwing. Us gedachten, gefoelens, ûnthâld en ûnderfinings, en it eigen gedrach; dus wat de filosofen it A-bewustwêzen neame.

Literatuer De cerebrale symfonie William Calvin De vergissing van Descartes Antonio Damasio Ik voel dus ik ben Antonio Damasio Het bewustzijn verklaard Daniel Dennett Aspecten van bewustzijn Daniel Dennett De ijzeren wil Bas Haring Brein & Geest (Hoe het brein de geest creëert) Erich Harth Bewustzijn Allan Hobson Het bewustzijnsmechanisme ontdekt Albert Jarsin De mens, het beest en de zombie Kenan Malik Van instinct tot intuïtie - De evolutie van het menselijk bewustzijn Michel Meynen Het bewustzijn als bedrieger Tor Norretranders Hersenen, bewustzijn, zicht op onszelf Palmyre Oomen e.o. Het menselijk bewustzijn Robert Ornstein De nieuwe geest van de keizer Roger Penrose Hoeveel geest kan de wetenschap verdragen? Juleon Schins Wolfsklem Piet Vroon De ziel te lijf Piet Vroon Siddharta Hermann Hesse Eindeloos bewustzijn Pim van Lommel

Kategory:Psychology Kategory:Filosofy Kategory:Ferstân