thumb|Samuel Berisch Berenstein
Samuel Berisch Berenstein (Hannover, 1773 – Amsterdam, 21 desimber 1838) wie in rabbyn yn Grins en opperrabbyn fan Amsterdam fan 1815 oant 1838.
Hy waard yn Hannover berne as soan fan de rabbyn Issachar Berisch ben Arje Loeb. Hy troude mei Rebecca Roessle Loewenstam (Hannover, 1773 - Amsterdam, 1835). Hy ferfear mei syn skoanheit Jacob Loewenstamm nei Amsterdam.
Yn 1802 waard er opperrabbyn yn Grins. Yn 1809 ferfolde er dat amt yn Ljouwert dêr't syn soan Berend Berenstein, letter ek in ferneamd rabbyn, berne waard.
Yn 1811 waard er beroppen nei Amsterdam as grutrabbyn fan de Opperkonsistoary. Dy ynstelling moast fanwege Napoleon grutte feroarings en nijmoadrichheden ynfiere. Dat slagge Berenstein sûnder wet en tradysje te fersaakjen. Berenstein wie ek de earste opperrabyn dy't yn it Nederlânsk preke. Guon fan syn learreden binne útbrocht, sa as dy by de buskrûdeksploazje te Leien. Yn 1815 folge in beneaming as rabbyn yn Amsterdam en koart dêrnei krige er ek deselde funksje yn Amersfoart. Berenstein stoar op 21 desimber 1838 yn Amsterdam.Bredasche Courant, 25 desimber 1838
Kategory:Dútsk rabbyn Kategory:Nederlânsk opperrabbyn Kategory:Frysk rabbyn Kategory:Dútsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk-Joadsk komôf Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Frysk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1773 Kategory:Persoan stoarn yn 1838