De Olympyske Simmerspullen 1956, ek wol de XVIe Olympiade neamd, waarden yn 1956 yn Melbourne, Austraalje hâlden.
Medaljespegel 1 Sowjetuny 372932982 Feriene Steaten 322517743 Austraalje 13814354 Hongarije 9107265 Itaalje 889256 Sweden 856197 It Dútske Ienheidsteam 6137268 Grut-Brittanje 6711249 Romeenje 5351310 Japan 410519
Ruterspullen Fanwege de strange karantêneregels fan Austraalje waarden de hynstesporten yn de maitiid fan it noardlik healrûn fan 1956 hâlden yn it Sweedske Stokholm. Fan 10 oan 17 juny waarden hjir de Olympyske Ruterspullen organisearre.
Dit is de ienichste kear dat de Spullen formeel yn stêden fan twa lannen organisearre waarden. Yn 1984 is it noch ris bard: op de Paralympyske Simmerspullen fan 1984 dy waarden yn it Amerikaanske New York en it Ingelske Stoke Mandeville hâlden.
Foar Peking, 2008, waard de organisaasje fan ek wer de hynstesport, fanwege de karantêneregels yn Sina, al dien troch in oar Olympysk Kommitee: it Olympysk Kommitee fan Hong Kong.
Boykot Nei oanlieding fan it bluodderige yngripen fan de Sowjetuny yn Hongarije yn de hjerst fan 1956 nammen in oantal lannen wêrûnder Nederlân it beslút om nei Stokholm de rest fan de Spullen te boykotsjen. Dat waard net troch de sporters besletten, mar wie in beslút fan in tafoege generale ledegearkomste. De fjouwer atleten dy't al yn it foar nei Austraalje ôfreizge wienen waarden troch it NOK mei in tillegram opdroegen fuort te gean. It ienichste ekskús dat sy krigen wie it wurdsje "SORRY", op it ein fan it tillegram, atleten dy't noch yn Nederlân wienen krigen hielendal gjin ekskús oanbean. Earst yn 2006 bea Erica Terpstra foar it Nasjonaal Olympysk Komitee de sporters ekskús oan, en twa jier letter kaam it ekskús fan Claas van den Houten oer it telegram.
Boykotsjende lannen Dizze fiif lannen hawwe de Spullen yn Melbourne boykotte. Sy hawwe al meidien oan de Spullen yn Stokholm.
Sporten
Dielnimmende lannen 200px|thumb|Dielnimmende Lannen Olympyske Simmerspullen 1956 67 lannen diene mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Melbourne en Stokholm. De lannen dy't skean skreaun binne, lutsen har nei dielname yn Stokholm fan de Spullen werom
Sjoch ek Olympyske Simmerspullen.
Keppeling om utens Offisjele hiemside Ynternasjonaal Olympysk Kommitee
1956 Kategory:Kultuer yn Melbourne Kategory:Sportevenemint yn Austraalje Kategory:Skiednis fan Fiktoaria (Austraalje) Kategory:Evenemint yn Fiktoaria (Austraalje) Kategory:Stockholm Kategory:Skiednis fan Sweden Kategory:Sportevenemint yn Sweden Kategory:Barren yn 1956