Albert Maximo Cristina (Willemstêd, (Nederlânske Antillen), 18 novimber 1970) is in eardere Nederlânsk follybalspiler út Amersfoart.

Hy die twarris mei oan de Olympyske Spullen, op de Simmerspullen fan 2000 yn Sydney waard er mei de Nederlânske ploech fiifde. Ek die er mei oan de Simmerspullen fan 2004, yn Atene waard er doe njoggende mei de ploech. Op it Europeesk kampioenskip yn 1997 waard er Europeesk kampioen. Yn totaal hat Albert Cristina 176 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.Ynterlannen oersjoch NeVeBo

Albert Cristina hat ûnder oare spile foar de follybalklups Piet Zoomers/D, Geldrop, ZVH, Zwolle, Roeselare, Omniworld en Nesselande. By ferskate klups hat er lânstitels wûn.

Follybaltrainer

Nei syn aktive karriêre as follyballer is er follybaltrainer wurden. Syn earste grutte súkses as trainer helle er op 25 april 2011 doe't er mei syn ploech Rivium Rotterdam kampioen fan Nederlân waard troch Langhenkel Volley yn de finale te ferslaan. "Volleyballers Rotterdam kampioen" NOS.nl, 25 april 2011

In skoftke letter, op 28 maaie, kaam nei foarren dat Cristina syn ûntslach yntsjinne hie by de Rotterdamske klup. Hy die dat fanwegen it ûntbrekken fan finansjele middels. "Coach Cristina dient ontslag in" NOS.nl, 28 maaie 2011

Sjoch ek List fan Nederlânske follyballers

Kategory:Nederlânsk follyballer Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Nederlânsk follybaltrainer Kategory:Kurasausk follyballer Kategory:Kurasausk sporttrainer Kategory:Nederlânsk persoan fan Kurasausk komôf Kategory:Persoan berne yn 1970