It Frysk Fanfare Orkest bestiet út sa'n fyftich muzikanten út Fryslân. De muzikanten spylje neist it FFO yn ien of mear pleatslike ferienings. Doel is it promoatsjen fan âlde en nije orizjinele fanfaremuzyk. De feriening waard oprjochte yn 1983 yn Ljouwert mei Jouke Hoekstra as muzikaal lieder. Neist premiêres fan Nederlânske komponisten hawwe ek bûtenlânske komponisten wurken skreaun foar it orkest.
Yn binnen- en bûtenlân die it FFO mei oan meardere festivals en konserten. Meardere kearen waard it heechste resultaat foar fanfareorkesten op it Wrâld Muzyk Konkoers yn Kerkrade helle. In oantal kearen waard meidien oan de ynternasjonale WASBE-konferinsjes. It orkest wurdt ek faak frege foar radioprogramma’s om de orizjinele fanfaremyzyk te promoatsjen en hat yn 2010 in tweintichtal CD’s op syn namme stean.
Yn 1994 krige it Frysk Fanfare Orkest de Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân.
Diriginten 1983 - no - Jouke Hoekstra
Konsertreizen Jier Lân Plak 1988 Internationales Musikfestival yn Rastede (Nedersaksen) 1989 Konferinsje fan de World Association for Symphonic Bands and Ensembles (WASBE) yn Manchester 1993 Galakonsert by de Musikverein Haaren e.V. yn Haaren (Waldfeucht) 1997 Konsertreis troch de Feriene Steaten 2002 Galakonsert by it Mid-Europe-Festival foar blaasorkesten yn Schladming (Eastenryk) 2003 Internationale festival Sociedade Euterpe Alhandrense yn Alhandra 2004 Emajöe Suvi Festival yn Tartu (Estlân) 2005 Konferinsje fan de World Association for Symphonic Bands and Ensembles yn Singapore2006Oktober 2006 Centre Culturel Ettelbrück Lúksemboarch 2007 Konsertreis Portugal mei optredens yn Tomar, Alhandra en Leiria fan 4 july oant 11 july 20082009Juni 2009 Syndicat Intercommunal SISPOLO Hosingen Lúksemboarch2009Juli 2009 Wasbe Conferentie Cincinatti Feriene Steaten2010Oktober 2010 Kulturzentrum Born Lúksemboarch2012Portegal, Konsertreis Tomar, Alhandra en Leiria 4 juli tot 11 juli 20082016Konsertreis Praag Bratislava
Wasbe Eastern Europe Makó201824 en 25 Febrewaris 2018 Internationaal Benefietkonsert foar Haven Hilft Wilhelmshaven 2018Oktober 2019 Konsertreis Canterbury2019Titus Words Will Take Wing” 27 Jannewaris 2019 Wilhelmshaven2019Oktober 2019 Canterbury Festival - Canterbury Cathedral, Maidstone - all Saints Church, Londen - Dutch Church2019Desimber 2019 Jever Frisian Symphonic Wind Orchestra, Richetta Manager en Torben Beerboom202226 en 27 Novimber 2022 Wilhelmshaven 202318 en 19 Febrewaris 2023 Marinemusikkorps Wilhelmshaven en Frisian Symphonic Wind Orchestra Wilhelmshaven2023Canterbury Festival, Canterbury Cathedral Oktober 20232024Oktober 2024 Theater an der Blinke Leer: Marinemusikkorps Wilhelmshaven en Frisian Symphonic Wind Orchestra foar Haven Hilft
Kategory:HaFaBra Kategory:Fryske fanfare Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1983 Kategory:Frysk muzykkorps Kategory:Organisaasje yn Ljouwert