The Feelies is in Amerikaanske rockband oprjochte yn 1976 yn Haledon, Nij-Jersey. De band brocht yn 1980 syn debútalbum Crazy Rhythms út. Yn 1992 waard de band opheft, mar yn 2008 makke de band in trochstart. The Feelies hat seis studio-albums útbrocht.
Skiednis The Feelies bestiet út Glenn Mercer, Bill Million, Dave Weckerman, Keith DeNunzio (ek wol Keith Clayton), Anton "Andy" Fier, Brenda Sauter, Stanley Demeski, Vinny DeNunzio en John J. Yn 1976 kamen sy foar it earst by elkoar en yn 1992 gongen sy út elkoar, nei 4 langspylplaten útbrocht te hawwen. Yn 2008 kamen de bandleden opnij by elkoar. Se ûnderskieden har fan in protte oare punk- en new wave-bands út dy tiid trochdat hja in soad mei soundscape wurken.
The Feelies spilen geregeld yn de muzykklup Maxwell's yn Hoboken. Har albums binne nea yn grutte tallen ferkocht, mar dochs hat har muzyk wol dúdlik ynfloed hân op oare bands as bygelyks R.E.M., dy't seinen troch it earste album Crazy Rhythms (Stiff Records) út 1980 hiel bot ynspirearre west te hawwenhttps://www.allmusic.com/artist/the-feelies-p4243 . Ek Rick Moody, skriuwer fan ûnder oaren Garden State, neamt de band as ien fan syn ynspiraasjeboarnenhttp://www.pastemagazine.com/articles/2008/03/the-feelies-plan-reunion-shows.html . The Feelies sels wienen fral wer beynfloede troch the Stooges, The Velvet Underground en Lou Reedhttp://www.nytimes.com/2008/07/03/arts/03iht-feelies.1.14161113.html?_r=1 .
De namme The Feelies is ôflaat fan in fiktive foarm fan fermaak út it boek Brave New World fan Aldous Huxley.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Crazy Rhythmsapril 1980StiffFa Ce-LaThe Good Earth1986CoyoteOnly Life13 septimber 1988A&MAwayTime for a Witness 5 maart 1991Sooner or LaterHere Before 12 april 2011BarIn Between2017
Keppelings om útens offisjele webstee it nûmer Crazy Rhytms op Youtube
Kategory:Amerikaanske rockband Kategory:Band oprjochte yn 1976 Kategory:Band opheft yn 1992 Kategory:Band oprjochte yn 2008