FC Gelsenkirchen-Schalke 04 e.V. (koartwei FC Schalke 04) is in sportferiening út it stedsdiel Schalke yn Gelsenkirchen. De feriening hat 84.082 leden (stân 10 maaie 2010) en is de twadgrutste sportferiening fan Dútslân. De feriening waard op 4 maaie 1904 oprjochte.

Yn de feriening wurdt oan basketbal, tafeltennis, hânbal en atletyk dien. Lykwols is de feriening yn ’t foarste plak ferneamd om syn fuotbaltiim. Schalke spilet yn de Veltins-Arena, dêr’t 61.673 man yn kinne, 54.142 by ynternasjonale wedstriden.

It fuotbaltiim hat yn syn bestean de neikommende prizen wûn: UEFA-Kup: 1997 UEFA-Yntertoto-Kup: 2003, 2004 Lânskampioen Dútslân: 1934, 1935, 1937, 1939, 1940, 1942, 1958 DFB-Pokal: 1937, 1972, 2001, 2002 DFL-Ligapokal: 2005

Kategory:Dútske fuotbalklup Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1904