Hawker Tornado 275px Rol Jachtfleanmasine Makker Hawker Earste flecht 6 oktober 1939 Tal makke 4 Brûkers Royal Air Force
De Hawker Tornado wie in Britske jachtfleanmasine út begjin Twadde Wrâldkriich foar de Royal Air Force ûntwurpen as de ferfanger fan de Hawker Hurricane. De plannen foar de produksje fan de Tornados waarden ferlitten doe't bliken die dat de Rolls-Royce Vulture—motor tige ûnbetrouber wie. In fergelykbere konstruksje mei in Napier Sabre-motor waard wol yn produksje naam as de Hawker Typhoon.
In skoftke nei de earste flecht op 29 augustus 1941 mei de produksjeferzje waard stoppe mei Vulture programma en koart dêrnei waard de Tornado-oarder fan krapoan 2000 tastellen de RAF ek ôfsein. Op dat stuit hie de Avro-fabryk yn Yeadon, West Yorkshire fjouwer tastellen op priemmen te stean dy't nea ôfboud binne.
Sjoch ek Hawker Typhoon Hawker Tempest
Keppeling om utens British Aircraft of WWII
Kategory:Britske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Britske jachtfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1939