De Olympyske Simmerspullen fan de XXe Olympiade waarden yn 1972 hâlden yn it Westdútske München.
Foar dizze Spullen waard in folslein nij sportkompleks boud op it âlde fleanfjild Oberwiesenfeld.
Medaljespegel 1 Sowjetuny 502722992 Feriene Steaten 333130943 East-Dútslân 202323664 West-Dútslân 131116405 Japan 1388296 Austraalje 872177 Poalen 759218 Hongarije 61316359 Bulgarije 61052110 Itaalje 531018
Swarte bledside De Spullen fan München moasten foaral fleurige Spullen wurde. Op 5 septimber waarden de Spullen lykwols slim fersteurd doe’t in tal Palestynske terroristen fan de organisaasje 'Swarte Septimber' ynkrongen yn it Israelyske ûnderkommen yn it Olympyske doarp. De terroristen deaden twa Israelys en gizelen njoggen leden fan de Israelyske ploech.
Nei lang ûnderhanneljen, dêr't de terroristen frijlitting by easken fan in grut oantal Palestynske finzenen, wie der in mislearre befrijingsoperaasje op it fleanfjild. Minsken dy't op har tillefyzje seachen wat him ôfspile op it fleanfjild gongen der hinne, wat soarge foar fersteuring by de befrijingsoperaasje. Yntusken waard troch skerpskutters besocht de terroristen del te sjitten, mar measte terroristen koene op ‘e tiid dekking sykje en sy brochten alle njoggen gizelders om hals.
De Spullen waarden in dei stillein en der waard in betinkingstsjinst hâlden yn it Olympysk Stadion. Under in taspraak makke de YOK-foarsitter Avery Brundage in ein oan de ûnwissichheid oft de Spullen al trochgean moatte soene, mei de wurden: 'The games must go on'. It Nederlânske Olympysk Komitee besleat dat de Nederlânske sporters sels kieze moasten oft se bleaune as net. Fiif sportlju hiene it beslút nommen de Spullen te ferlitten.
It drama fan dizze Spullen is yn 2005 ferfilme yn de film Munich fan regisseur Steven Spielberg.
Sporten
Dielnimmende Lannen thumb|Dielnimmende Lannen Olympyske Simmerspullen 1972
Sjoch ek Paralympyske Simmerspullen 1972 Olympyske Spullen
Keppelings om utens It webstee fan it Ynternasjonaal Olympysk Kommitee Andere Tijden oer de Spullen fan 1972
1972 Kategory:München Kategory:Barren yn 1972 Kategory:Skiednis fan Beieren Kategory:Sportevenemint yn Dútslân