Yn de Twadde Wrâldkriich hawwe minstens 468 Nederlanners yn of by Kamp Amersfoart it libben ferlern. In oantal fan harren wie ta de dea feroardiele en hat inkele moannen, wiken of dagen, somtiids mar in dei, yn Amersfoart fêstsitten, alear't se fusilearre waarden. Dêrneist binne in protte minsken as represaille tsjin fersetsdieden troch fusillearring om it libben komd. Dat gie hast altiten om fersetsminsken, dêr't in wapen by fûn wie of dy't by in kommunistyske organisaasje belutsen wiene, dy't automatysk op in list mei Todeskandidaten kamen. In pear mensen binne fusillearre, omdat se as kommunistysk gizeler arrestearre wienen, mar dat wiene hast allegear fersetsminsken sûnder dat de Dútsers dat konstatearre hienen. Fierders binne in soad minsken omkaam troch wredens, lijen en brekme. Benammen joaden binne doe as bisten behannele.
Neist Nederlanners binne der ek hûndert Sovjet-kriichsfinzenen tige wreed ombrocht. Harren nammen binne net bekend en dêrom net yn de list opnaam.
List fan Nederlanners dy't yn Kamp Amersfoort it libben ferlern hawwe yn de Twadde Wrâldkriich (ûnfolslein):