Gonny Gaakeer (Ljouwert, 28 maaie 1971) is in Nederlânsk aktrise.

Biografy As iennich bern fan twa skieden âlden gie se nei in bernedeiferbliuw en legere skoalle yn it sintrum fan Ljouwert. Sy krige op de Ljouwerter Sint Anthonyskoalle de rol fan prinses Stella. Har mem wie in Siuw en har heit in Fries. By har beppe yn Langsweagen learde hja Frysk, al wie dat mei in aksint út de Wâlden. Se krige letter ek boeken oarikt fan har goede freon Michaël Zeeman en lies poezij fan Douwe Tamminga, Albertina Soepboer en Tsjêbbe Hettinga. Sadwaande kaam se ek yn Fryske films. Se folge de balletoplieding fan Tessa Wijdeveld. Letter ferhuze se mei har mem nei Frjentsjer. Nei de hafû yn Frjentsjer siet se in jier op de dûnsakademy yn Arnhim dêr't se in oplieding ta dûnsdosint folge. Dêrnei folge in ienjierrige oplieding ta Teater Foarmingsklasse yn Amsterdam. Yn 1992 begjint se oan de Toanielakademy yn Maastricht (1992-1996). Yn har lêste jier makke se har debút op it wite doek yn de film De Zeemeerman. Ellen ten Damme hie rekkene op dy rol, mar produsint Rob Houwer keas foar Gaakeer.

Toaniel Gaakeer spilet geregeldwei yn toanielfoarstellings. By Tryater spile se bygelyks yn Trije Susters, Drie Zusters fan Tsjechov. Yn 2009 en 2010 spile se yn Zeeuwse Vrouwen fan Productiehuis Zeelandia dêr't se de rol fan lânarbeidster Marie út 1914 spile. Se bewurke it boek fan Kees Slager ta dit teäterstik. Foar 2012 skreau se mei Julia de Graaff in nij konsept foar in toanielstik.

Filmografy 1995: De Zeemeerman - twa rollen, Julie en Natasja 1996: Baantjer (tf) - Yvonne Huppel 1997: All Stars (tf) - Sipje Boes 1997: 12 steden, 13 ongelukken (tf) - Joyce 1997: Lovely Liza - Liza 1997: Bennie (tf-rige) - stim fan Bennie 1998: Het land van voldongen feiten (tf) - Caro Ruys 1999: De keerzijde (tf) - Ilse van de Klok 1999: Kruimeltje - De aardige mefrou 2000: De Bitterzoet (tf) - 2000: Russen (tf) - Masha ten Hag 2001: Saint Amour - Christine 2001: Storm in mijn hoofd' - Cordelia 2001: Nynke - Sjoukje Oosterbaan 2002: Schiet mij maar lek - Lennie 2002: Intensive Care - Christa Oosterhoek 2002: Sam sam (seizoen 1, ôflevering 9) - Dominique 2004-2005: Het glazen huis (tf-rige) - Suze Ligvoet 2005: Flirt - Pien 2006: Sportman van de Eeuw - De âlde Marietje 2007: Dankert & Dankert - Karin, offisier fan justysje mei Peter Tuinman 2008: Snuf de hond in oorlogstijd - Maeve 2008: Snuf de hond - Maeve 2009: 13 in de oorlog - Thea de Vries 2010: De Troon (tf-rige) - Sophia 2010: Sprakeloos - Judith 2010: Verborgen verhalen - Mem fan Nancy 2011: De sterkste man van Nederland - Lydia 2012: Flikken Maastricht (tf-rige) - Marijke Scheffers 2012: Moordvrouw (tf) - Frou Warmink 2012: Temps de pose - Kirstin Lohmann 2012: De Groeten van Mike! - Mem fan Jeroen 2013: Homunculus - Sophie 2013: Speling van het Licht (nl) - Carolien 2013: De jongen die dacht dat hij goed was zoals hij was (tf) - Jenny 2014: Super ego (tf) - Masseuze Britt 2014: Mord mit Aussicht - Lieke van Uffelen 2015: Jeuk - Gonny 2015: Welkom Thuis (tf) - Monique 2015: Meuchelbeck (tf) - Linda 2015: Blauw (tf) - Anna Grovers 2016: Rentnercops: Jeder Tag zählt! - Uschi Buck 2017: De 12 van Oldenheim (tf) - Frou Schuitemaker 2017-2018: Nieuwe tijden (tf) - Bernadette van Panhuys 2018: Wij (tf) - Danielle, mem fan Femke 2019: Keizersvrouwen (tf) - patolooch-anatoom

Foar de folsleine filmografy sjoch IMDB-profyl Gonny Gaakeer

Keppeling om utens Priuwkes fan har wurk

Kategory:Frysk toanielakteur Kategory:Frysk telefyzje-akteur Kategory:Frysk filmakteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1971