thumb|right|200px|Ronald Vink en Maikel Scheffers út Nederlân, Peking 2008 Tennis, yn dizze kontekst ek wol bekend as rôlstoeltennis, is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stean.

Regels De regels foar het Paralympysk tennis komme oerien mei it gewoane tennis. It ienichste ferskil is dat de bal twa kear stuitsje mei foardat er weromslein wurde moat. De earste stuit moat binnen it spylfjild wêze, de twadde mei bûten wêze. De wedstriden geane oer maksimaal trije sets.

Klasifikaasje De tennissers moatte in bliuwend substansjeel of in folslein ferlies fan de funksje yn de fuotten hawwe yn tenminsten ien foet. Tennissers dy’t in beheining yn trije as mear lichemsdielen hawwe, dogge mei by it kwad-ûnderdiel. By it kwadtennis spylje manlju en froulju troch elkoar en is der gjin aparte kompetysje.

Skiednis Tennis stiet fan 1992 ôf op it programma. Yn 1988 wie it al in demonstraasjesport. De kwads dogge sûnt 2004 mei op de Spullen yn in mingd toernoai.

Sjoch ek Tennis op de Olympyske Simmerspullen

Keppeling om utens Tennis op de side fan it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee