Fokker C. VIIw 275px Rol Seeferkenner/trener Makker Fokker Earste flecht 1928 Ut tsjinst 1942 Tal makke 30 (1928-1932) Brûkers Nederlân
De Fokker C.VIIw is in Nederlânske wetterfleanmasine foar ferkenning en fuortset fleanûnderrjocht fan fleanmasinefabrikant Fokker. It waard ûntwikkele doe't bliken die dat de Fokker C.V net gaadlik foar dizze taken wie.
Der binne 30 fan ôflevere oan de Marine Loftfearttsjinst yn de jierren 1930 oant 1932. In stikmannich oerlibben de Dútske oanfal yn maaie 1940 en hawwe yn Ingelân noch flein.
De Fokker C.VIIw wie op de tradisjonele Fokkerwize boud: de romp út stielbuis beklaaid mei linnen, de wjukken fan hout, foar in part mei hout en diels mei linnen beklaaid.
Spesifikaasjes Algemien Bemanning: Twa, piloat en waarnimmer Lingte: 9.50 m (31 ft 2 in) Spanwiidte: 12.90 m (42 ft 4 in) Hichte: 4.00 m (13 ft 2 in) Wjukoerflak: 37.0 m² (398.3 ft²) Gewicht leech: 1,200 kg (2,650 lb) Gewicht laden: 1,700 kg (3,750 lb) Motor: 1 × Armstrong Siddeley Lynx, 168 kW (225 hk) Prestaasjes Maksimum faasje: 160 km/o (100 mph) Fleanberik: 1000 km (621 miles) Tsjinstplafond: 2.400 m (7,880 ft) Klimfaasje: 1,2 m/s (240 ft/min) Bewapening 1x (MG Browning) 7,7 mm nei foaren rjochte 1x (MG Lewis) 7,62 mm op in ring foar de waarnimmer
Kategory:Fokker Kategory:Nederlânske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânske ferkenningsfleanmasine Kategory:Nederlânske wetterfleanmasine Kategory:Nederlânske lesfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1928