De Baleärenmok (Puffinus mauretanicus) is in seefûgel út de famylje fan 'e mokfûgels (Procellariidae).

Ferskining De Baleärenmok wurdt tusken 34 en 39 sm lang en de smelle en puntige wjukken ha in spanwiidte fan 78 oant 93 sm. In folwoeksen fûgel weaget tusken de 470 en 565 gram.

De boppedielen fan 'e Baleärenmok binne griisbrún oant brún. Under is de fûgel gielich wyt. De ûnderkant fan 'e wjukken is wytich mei brúneftige plakken en in donkere râne. Yn 'e flecht binne de donkere okselfearren faak goed te sjen.

De snaffel is smel, donkergriis oant swart. Lykas by oare mokfûgels sitte de noasgatten yn in soarte fan "buiske" boppe-op 'e snaffel. Syn poaten binne rôzich mei swarte puntsjes op 'e teannen. Opfallend is dat de poaten yn 'e flecht faak achter it sturtsje útstekke.

Fersprieding De Baleärenmok komt ferspraat oer de Middellânske See foar, fan 'e Baleären oant de Adriatyske See. Guon fûgels oerwinterje yn 'e eastlike Atlantyske Oseaan.

Hâlden en dragen De fûgel briedt yn hoalen en spjalten fan rotsen. In wyfke leit mar ien wyt aai yn 't jier. As dat aai ferlern giet, wurdt der dat jier gjin pyk mear grutbrocht. Om tefoarren te kommen dat de fûgel sels opfretten wurdt troch grutte fûgels, komme de baleärenmokken allinnich mar nachts nei harren nêst. Se meitsje dan in soad leven mei lûd, dat wat hat fan gûlen of rauwe gjalpen. It útbrieden fan it aai duorret goed 50 dagen en de âlden wikselje inoar dêrby ôf. Nei 't útkommen fan it aai bliuwt de pyk likernôch 90 oant 100 dagen yn 'e hoale.

Hy dûkt djip oant somtiden wol 35 meter nei fiskjes lykas ansjofisk en sardines. Nei it brieden wurdt de fûgel ek wolris foar de Nederlânske kust of yn 'e Noardsee waarnommen, benammen as der in westlike stoarm stiet.

Status thumb|left|Ynformaasjeboerd oer projekt ta behâld op Formenteara. De soarte wurdt earnstich bedrige yn syn bestean en wurdt troch de IUCN as krityk op 'e Reade list klassifisearre. De grutste bedriging foarmet de fiskerij. Baleärenmokken betiizgje gauris yn netten of fersûpe as se oan 'e heakken fan langelinen fêst komme te sitten as se ies besykje te pakken. Op 'e briedeilannen binne rotten, katten en marters yntrodusearre, dy't aaien, piken en bytiden sels folwoeksen fûgels opfrette. De fûgel briedt boppedat mar op in lyts oerflak en it dêrom kwetsber foar sykte of stoarm. Ek oaljefersmoarging op see en plestik ôffal foarmje in risiko. In kombinaasje fan dy faktoaren soargje foar in tebekgong fan 'e oantallen mei mei rûzings fan 7,4% it jier en dat betsjut dat de fûgel yn in pear desinnia tiid útstjert. It oantal briedpearen wurdt op in pear tûzen rûsd. Mei't de fûgel mar ien aai yn 't jier leit en it lang duorret foardat de fûgel briedt, is in rap werstel fan 'e soarte dreech. De fûgel wurdt beskerme, mar noch sûnder resultaat.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Mokfûgel Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn de Middellânske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan