thumb|Tsjoene mei in wisp Yn 'e Harry Potter-rige wurde ferskate beswarrings brûkt, dy't allegearre in oar effekt hawwe en dy't allegearre wat barre litte troch magy. Troch mei in toverwisp te swieren en in tsjoenspreuk te sizzen, litte tsjoenders en tsjoensters bygelyks wat fleane of meitsje se ljocht. It meastepart fan de tsjoenspreuken yn 'e rige binne semi-Latynske wurden of sinnen, dy't grammatikaal gauris net korrekt binne.

Oersjoch

thumb|Potter-skriuwster Rowling hat de betsjoenings op dizze side allegearre betocht Hjir in oersjoch fan 'e tsjoenspreuken dy't te finen binne yn 'e boeken fan de Harry Potterrige.

De betsjoenings út 'e filmferzjes fan 'e boeken en de videospultsjes binne net brûkt

Duell. = in typyske duellearspreuk

A Accio Hjirmei kinst eat sommearje, dat wol yn dizze kontekst sizze: eat nei dy tafleane litte Latyn: accio = ik sommearje

Aguamenti Lit wetter ferskine Latyn: aqua = wetter.

Alohomora Hjirmei kinst doarren iepenmeitsje Hawajaansk: aloha = goeie, Latynsk: mora = hinder

Amnesia Hjirmei wurdt in diel fan it ûnthâld fan immen wiske (Of Amnesia Completa: it ûnthâld wurdt hielendal wiske)Latyn: Amnesia = ûnthâldferlies

Anapneo Spreuk dy't immen sykhelje lit wannear't er smoart Âld-Gryksk: 'αναπνέω (anapneo), (yn)azemjen

Anti-Migelbetsjoening Sjoch: 'Repello Migelandus'

Aparecium Makket saken dy't net te sjen binne wer te sjenLatyn: aparere = ferskine

Avada Kedavra Duell. In ûnferjoulike flok, de flok om immen te fermoardzjen, giet gear mei in grut, grien ljocht. Hat de mem en heit fan Harry Potter ek fermoarde. Arameesk: adada kedabra (abrakadabra) = It ding moat ferneatige wurde

Avis Spreuk dy't lytse fûgels ferskine lit út 'e wispeLatyn: avis = fûgel

B Balsemio Hielet wûnen. Krekt lykas it Fryske wurd "Balsemje"

Banflok Betsjoening ûnbekend Lit eat weisjitte/ weifleane

Buorrelhollebetsjoening Betsjoening ûnbekend Soarget foar in loftbuol op dyn holle.

C Cave inimicum Beskermet tsjoenders tsjin 'eat'Latyn: cave = útsjen (sjoch út!), inimicus = fijânColloportus Betsjoening dêr't immen in doar magysk mei beskoattelje kinLatyn: collere = plakken, portus = doar

Confringo Gruzelflok Lit eat eksplodearje Latyn: confringo = ik brek

ConfundoDuell.Dwylsinnigensflok, hjirtroch kinst fertize reitsjeLatyn: confundo = ik bring yn 'e tiis

Crucio Duell. In ûnferjoulike flok, de tamtearflok Latyn: crucio = ik martelje

D Defodio Hjirmei kinst stikken fan it plafond weisnijeLatyn: defodere = útgrave

Deletrius Hjirmei kin it tsjustere teken ferdwine litte wurde. Ingelsk: delete = weihelje

DensaugeoDuell.Dizze spreuk lit 'e tosken fan immen waaksje.Latyn: dens = tosk, augeo = ik lit groeie

Deprimo Lit (bygelyks) in muorre eksplodearje Latyn: deprimere = yndrukke

Descendo Dizze spreuk lit eat nei ûnderen ta gean. Latyn: descendere = nei ûnderen ta gean

Detentio Duell. Spreuk dy't immen fêstmakket mei tou. Latyn: detendere = besitte

Diffindo Toarnbetsjoening Hjirmei kin immen wat stikken meitsje of dingen spjalteLatyn: diffindere = spjalte, stikken meitsje.

Dissendium Magyske tagongskoade nei in geheime gong yn Swiniastate Latyn: discendo = ôfbûging

Duplicatus Ferdûbelt eat Latyn: duplicare = ferdûbelje

Duro Makket eat hurd en massyf Latyn: duro = hurd meitsje

DuvelsfjoerDuell.Betsjoening ûnbekend Dizze spreuk kin ferflokt fjoer meitsje, sa ûntsteane der bygelyks meunsters en draken fan fjoer, dy't eltse fijân dea meitsje

E Enervatio Makket de spreuk 'Paralitis' ûndienLatyn: enervare = krêfteleas meitsje

Engorgio Fergruttet eat en eat dat lytser makke is troch 'Reducio', krijt syn gewoane grutte wer Ingelsk: gorgeous = tige grut thumb|Patronus (hart) fan Harry

Erecto Rjochtet eat op (bygelyks in tinte)Latyn: erectus = oprjochte

Expecto Patronum Duell. (tsjin in Dementor) Makket in sulverwite, ljochtjaande Patronus dy't beskerming jout tsjin û.o. Dementors. In Patronus is in positive krêft dy't de foarm fan in dier oannimt. In Patronus is ek te brûken as kommunikaasje. Latyn: exspectare = ferwachtsje, patronus = beskermer

ExpelliarmusDuell.Ûntwapenet in tsjinstanner. Latyn: arma = wapens en expello = weihelje/ferdriuwe

Evanesco Lit eat ferdwine Latyn: evanescere = ferdwine

F Ferula Kin bygelyks in brutsen skonk spalkjeLatyn: ferula = stôk

Fideliusbetsjoening Betsjoening ûnbekend In geheim wurdt opslein yn 'e siele fan 'e geheimhâlder. It geheim wurdt ferbrutsen wannear't de geheimhâlder it trochfertelt Latyn: fides = betrouberens

Finite (Incantatem) Lit it effekt fan in oare betsjoening ophâlde Latyn: finire = in ein meitsje oan eat, incantatio = betsjoening

Fladderfleareflok* Duell. Betsjoening ûnbekend Betsjoening wêrtroch't immen fol mei lytse wjuksjes komt te sittenFlagrato Nei't dizze spreuk útsprutsen is, kin immen mei syn wisp yn 'e loft skriuwe, wêrnei't gleone letters ferskineLatyn: flagrare = barne, glânzgjeFlok fan skonkeplakDuell.Sjoch: 'Locomotor Mortis'

FurninculusDuell.Dêr't immen rekke wurdt, wurdt de hûd tige wartich Etymology net fûn

(* Yn 't Hollânsk: Vleddervleervloek )

G Geomanni Pesternomi Net tige effektive ferstiivingsbetsjoening foar ierdmantsjesÂld-Gryksk: Γαῖα (gaia) = ierde

Glisseo Lit de treppen fan in trep yn Swiniastate yn in glierbaan feroare Frânsk: glisser = glydzje

GniisspreukenDuell.Sjoch 'Rictumsempra'

H Homenum revelio Jout oan of't der minsken oanwêzich binne yn 'e omjouwingLatyn: homo = minsk, Ingelsk: reveal = ûntbleateHomorfusbeswarringDuell. (tsjin in wearwolf) Tydlike remeedzje tsjin in wearwolfLatyn: homo = minsk, Âld-Gryksk: μορφή (morfê) = uterlikHygiëna Himmelspreuk, hjirmei kinst eat skjinmeitsjeÂld-Gryksk: 'υγιεινή (hugyeinê) = goadinne fan 'e sûnens I ImpedimentaDuell.Strjemspreuk In oanfal wurdt fertrage, kin ek byeffekten lykas by 'Paralitis' hawweIngelsk: impediment = hinder

Imperio Duell. In ûnferjoulike flok, jout folsleine kontrôle oer immen, dy't dan alles foar dy dwaan sil Latyn: imperare = befelje

Incendio Lit eat ûntbarneLatyn: incendere = yn brân sette

K Kameoflaazjespreuk Jout folsleine kamûflaazje, immen nimt 'e kleuren fan 'e êftergrûn oan

L Levicorpus Duell. Lit immen ûndersteboppest yn 'e loft hingje Latyn: levare = lichter meitsje, corpus = lichem

Liberacorpus tsjinbeswarring fan 'Levicorpus', lit immen wer op 'e grûn falleLatyn: liberare = befrije, corpus = lichem

Locomotor Lit eat in bytsje omheech fleane en dyn wisp folgje Latyn: Locus = plak, motus = beweging

Locomotor MortisDuell.Flok fan skonkeplak Limet skonken oan elkoar thumb|'Lumos!'Latyn: Locus = plak, motus = beweging, mors = deaLumos In lyts ljochtsje ferskynt oan de útein fan dyn wispLatyn: lumen = ljocht M Meteomaledictus recanto Tsjinbeswarring foar waarflokkenLatyn: recantare = weitsjoene, maledicere = ferflokke, meteo-... = waar-...

Mobiliarbus De 'Locomotor'-ferzje spesjaal foar beamen Latyn: mobilitas = beweechlikens, arbor = beam

Morsmordre Hjirmei wurdt it tsjustere teken fan Voldemort oproppeLatyn: mordere = bite, mors = dea

Mobilicorpus De 'Locomotor'-ferzje foar in minskenliif Latyn: corpus = lichem, mobilitas = beweechlikens

Murmelio Hjirtroch kinnen oaren dy net heare, om't se gegûns yn harren earen heareHollânsk: murmele = reauntsje, gûnslûd meitsje Dizze spreuk soe nei it Frysk oerset wurde kinne as bygelyks: 'Rencelio'

N Nox Ljocht makke mei 'Lumos' giet út Latyn: nox = nacht

Nonpluvius Spreuk wêrtroch eat net mear wiet wurdtLatyn: non = net, pluvius = reinêftich, rein-...

O Oppugno Duell. Lit eat (bygelyks op magyske mêd produsearre fûgels (sjoch 'Avis')) immen oanfalle Latyn: oppugnare = fjochtsje/ stride tsjin eat

Orchidea Hjirmei kinst in boskje blommen te foarskyn tsjoene In orchidee is in blom

P Paralitis Duell. Mei dizze spreuk kinst immen ferlamje mei in grutte, reade ljochtstriel Âld-Gryksk: παραλύειν (paraluein) = ferlamje

Permaninte plakbeswarring Betsjoening ûnbekend Lit eat foar altyd earne oan fêstkleevje

Petrificus TotalusDuell.Lit immen hieléndal ferstiivjeÂld-Gryksk: πέτρα (petra) = stien, Ingelsk: petrify = ferstiivje, Latyn: totalus = hielendalPortus In betsjoening om earne in Fiafia fan te meitsjenLatyn: portare = bringe, porta = doarPrior incantato Dizze spreuk lit sjen hokker spreuken koartlyn útsprutsen binne mei in wisp.Latyn: prius = earder, incantare = in tsjoenspreuk útsprekke

Priori Incantatem Duell. thumb|Tsjoensters Wannear't twa tsjoenders mei-inoar fjochtsje (in tsjoendersduel) en harren wispen hawwe in selde kearn, kinne de wispen mei in ljochtstriel kontakt meitsje en kin ynienen it effekt fan 'prior incantato' ûntstean Sjoch foar de etymology hjirboppe ('prior incantato')

Protego Duell. Skyldspreuk Hjirmei kinst dysels beskermje tsjin lytse flokken en betsjoeningen (net tsjin grutte flokken lykas de ûnferjoulike flokken), wêrby't de flok ek wjerkeatst wurde kin nei de fijân, wêrtroch't er sels ferflokt wurdt. Latyn: protegere = beskermje/ferdigene Fariaasjes: Protego horribilis (tsjin oeribele flokken) Protego totalum (tsjin alle flokken)

Proteusbeswarring Hjirtroch kinst in betsjoening oproppe wêrtroch in magysk ferbân ûntstiet tusken dingen: wannear't ien ding feroaret, feroarje alle dingen Latyn: Proteus = god dy't himsels feroarje koe yn eat oars (stalferwikseling)

Q Quietus Spreuk waarmee je luide stem (door de spreuk sonorus) weer normaal wordt. Latyn: quietus = stil

R Reducio Makket eat lytser en eat dat fergrutte is troch de betsjoening 'Engorgio', krijt syn gewoane grutte wer Latyn: reducere = redusearje

Reducto Gruzelflok Lit eat eksplodearje Latyn: reducere = redusearje

Reparo Makket eat dat stikken is Latyn: reparare = bymeitsje

Relashio Befrijt immen fan eat wêrtroch't er fêsthâlden wurdt Ingelsk: release = befrije

Renervatio Hjirmei kinst immen wer by bewustwêze bringe Latyn: re- = wer, nervus = û.o. krêft, enerzjy

Repello Migeltum Hâldt migels op ôfstân Latyn: repellere = ferdriuwe, Frysk: migel = immen dy't net tsjoene kin

Rictusempra Duell. Hjirmei kinst immen op magyske mêd kiizje, kidelje Latyn: rictum = iepene mûle, semper = altyd

Ridiculus Duell. (tsjin in bûzeman) Kinst tsjin in sjamme/bûzeman brûke. Wylst do de betsjoening útsprekst, moast oan eat grappichs tinke. Latyn: ridiculum = om te laitsjen

S Salvio hexia Kamûflaazjespreuk Latyn: salvere = sûn wêze, Ingelsk: hex = flok

Sanitato Hjirmei kinst eat skjinmeitsje of opromje Latyn: sanus = sûn, skjin

Sectumsempra Duell. Asto dizze spreuk brûkst en mei dyn wisp swypkest, ferskine der bliedende wûnen dêr't dyn fijân rekke wurdt Latyn: secare = fykje, repe, semper = altyd

Serpensortia Duell. Tsjoent in slange út dyn wisp Latyn: serpens = slang(e), sortire = earne útgean

Silencio Soarget derfoar dat immen net mear prate kin Latyn: silere = swije

Sonorus Makket dyn lûd/stimme hurder Latyn: sonorus = lûd meitsjend

Specialis revelio Kin eat dat ferside is, ûntbleatsje, bygelyks in betsjoening Latyn: specialis = spesjaal, revelare = ûntbleatsje

T Tarantallegra Duell. Tapdûnssbetsjoening Italjaansk: tarantella = in Italjaanske dûns

U Ûnfersteurberensspreuk* Betsjoening ûnbekend Makket eat (bygelyks in doar) lûdticht. Der kin ek neat mear troch

(* Yn 't Hollânsk: fnuikspreuk W Waddiwasi* Lit eat hurd weisjitte

Wingardium Leviosa Lit eat fleane Latyn: levare = licht meitsje

Wiis my de wei Wynroasbetsjoening Mei dizze betsjoening kinst dyn wisp brûke as kompas(* Gommibommi yn 't Hollânsk

Y thumb|'Yt slakken!' Yt slakkenDuell.'' Lit immen slakken útspuie

Foar dizze wiki-side binne de boeken fan 'e Potterrige brûkt en in wurdboek Latyn (De Pinksterferzje).

Keppelings om utens Hollânske (mear útwreide) ferzje fan dizze wiki Ingelske (nóch mear útwreide) ferzje fan dizze wiki

Kategory:Harry Potter

he:הארי פוטר - מונחים#קסמים