Foarfallen 1326 - De Flaamske opstannelingen litte greve Loadewyk frij, dy't yn Koartwyk fêsthâlden wie. 1791 - Fermont, in ûnôfhinklik republykje, wurdt as 14e steat talitten ta de Amerikaanske Uny. 1878 - Yn it Amerikaanske Territoarium Nij-Meksiko giet de Prêrjeoarloch fan Lincoln County in nije, ekstreem gewelddiedige faze yn mei de moard op rancher John Tunstall. It is yn dit konflikt dat de bandyt Billy the Kid syn reputaasje fêstiget. 1952 - Grikelân en Turkije wurde lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. 1960 - Iepening fan de Olympyske Winterspullen yn Squaw Valley, de Feriene Steaten. 1968 - Sluting fan de Olympyske Winterspullen yn Grenoble, Frankryk.
Berne 1589 - Marten Gerrits Vries, Frysk ûntdekkingsreizger († 1647) 1817 - Johannes Bosboom, Nederlânsk keunstskilder († 1891) 1844 - Willem Maris, Nederlânsk keunstskilder († 1910) 1849 - Alexander Kielland, Noarsk skriuwer († 1906) 1860 - Anders Zorn, Sweedsk keunstner († 1920) 1888 - Sven Thorell, Sweedsk siler († 1974) 1891 - Oreste Puliti, Italjaansk skermer († 1958) 1906 - Hans Asperger, Eastenryksk dokter († 1980) 1909 - Matti Järvinen, Finsk spearwerper (* 1985) 1920 - Cornelis Johannes van Houten, Nederlânsk astronoom († 2002) 1925 - George Kennedy, Amerikaansk akteur († 2016) 1925 - Til Gardeniers-Berendsen, Nederlânsk politika († 2019) 1931 - Reinier Paping, Nederlânsk maratonrider († 2021) 1933 - Yoko Ono, Japansk-Amerikaansk artyste en muzikante 1947 - Christina fan de Nederlannen, Nederlânsk prinsesse († 2019) 1965 - Dr. Dre, Amerikaansk rapper 1987 - Skin Diamond, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn 1455 - Fra Angelico, Italjaansk keunstskilder (* ±1395) 1546 - Marten Luther, Dútsk teolooch en stifter fan it lutheranisme (* 1483) 1558 - Eleönoara fan Eastenryk, keninginne-gemalinne fan Portegal en Frankryk (* 1498) 1564 - Michelangelo, Italjaansk keunstskilder, byldhouwer, arsjitekt en dichter (* 1475) 1660 - Judith Leyster, Nederlânsk keunstskilderesse (* 1609) 1712 - Loadewyk, hartoch fan Boergonje, kroanprins fan Frankryk (* 1682) 1797 - Jan Binnes (Kloosterman), Frysk boer en opstanneling (* 1744) 1823 - Martinus Baljee, Frysk dokter en koloniaal (* 1752) 1930 - Gerard Heymans, Frysk filosoof en grûnlizzer fan 'e psychology yn Nederlân (* 1857) 1943 - Henri Polak, Nederlânsk fakbûnslieder en politikus (* 1868) 1962 - Philippe Cattiau, Frânsk skermer (* 1892) 1966 - Anne Anema, Frysk heechlearaar en politikus (* 1872) 1992 - Sylvain Arend, Belgysk astronoom (* 1902) 2012 - Roald Aas, Noarsk reedrider (* 1928) 2012 - Gerard van der Weerd, Frysk dirigint (* 1930) 2017 - Richard Schickel, Amerikaansk sjoernalist en filmkritikus (* 1933) 2021 - Jan Mans, Nederlânsk politikus (* 1940)
Kategory:Datum 18