De Ålâneilannen foarmje in arsjipel yn de Baltyske See. De eilannen lizze oan de yngong fan de Botnyske Golf en foarmje in autonoom, demilitarisearre, ientalige Sweedske regio fan Finlân. De arsjipel foarmet de lytste regio fan Finlân, mei mar 0,49% fan it oerflak fan it lân en mar 0,50% fan de Finske populaasje.

Ålân omfiemet it Fasta Åland (it Haadeilân, mei 90% fan de ynwenners fan Ålân), en in arsjipel besteande ut likernôch 6.700 skearen en eilannen. Fasta Åland is skieden fan de kust fan Sweden troch 38 kilometer iepen wetter nei it westen ta. Yn it easten leit de Ålânarsjipel tsjin de Finske Skearesee oan. Ålâns ienige lângrins leit op de ûnbewenne skear Märket, dy't dield wurdt mei Sweden.

Autonomy fan Ålân thumb|left|250px|In topografyske kaart fan Ålân.

De autonome status fan de eilannen waard fêstlein troch in beslissing fan it Folkebûn yn 1921, dêr't de Ålânkrisis op folge. It waard op ‘e nij befêstige yn it ferdrach wêryn Finlân by de Europeeske Uny kaam te hearren. Ålân is by wet neutraal en folslein demilitarisearre, ynwenners binne frijsteld fan tsjinstplicht foar it Finske leger. De eilannen hawwe wiidweidich foech krigen foar selsbestjoer troch it Parlemint fan Finlân yn de Wet op de Autonomy fan Ålân fan 1920, dy’t letter ferfongen waard troch nije wetjouwing yn 1951 en 1991.Act on the Autonomy of Åland, fan 1991 (sjoen op 19 oktober 2010)

Etymology Neffens in teory wie de oarspronklike namme fan Ålân Germaansk, Ahvaland, dat "Lân fan wetter" bestjut. Yn it Sweedsk ûntwikkele him dat ta Áland en letter yn Åland, letterlik oersetten "rivierlân", alhoewol’t rivieren net in karakteristyk fan Ålâns geografy foarmje. De Finske namme fan de eilannen, Ahvenanmaa ("Bearslân"), komt nei alle gedachten fan in oare âlde namme.

In oare teory seit dat de Finske namme Ahvenanmaa de oarspronklike namme fan de arsjipel is, dêr't de Sweedske namme fan ôflaat is.

Geografy Algemien Ålân bestiet út likernôch 6.700 eilannen en skearen en foarmet in arsjipel oan de súdkante fan de Botnyske Golf en yn it noardlike part fan de Eastsee. Ålân leit likernôch 40 kilometer fan de kust fan Sweden en 15 kilometer fan de Finske kust. It haadeilân Fasta Åland, mei likernôch 90 % fan it folsleine ynwennertal fan de provinsje en 70% fan it lânoerflak,Member profile Åland, Islandgames.net (sjoen op 19 oktober 2010) leit yn it westen, op 40 kilometer fan Sweden en hûndert kilometer fan Finlân.

De eilannen hawwe in lânoerflak fan yn totaal 1.553 km². Mei it wetteroerflak fan de Eastsee derby beslacht it gebiet 13.517 km². Op de Ålâneilannen wenje likernôch 27.734 minsken, ferspraat oer 65 eilannen.

Geology De eilannen fan Ålân besteane foar it measte part út metamorf en magmastiente. Se binne fan prekambryske âlderdom (likernôch 1,6 miljard jier) en hearre ta it Baltyske Skyld. It eastlike part bestiet út gneis. Op it haadeilân en de omkriten dêrfan wurdt granyt fûn. Bekend by geologen is de op de eilannen foarkommende readeftige granytsoarte Rapakiwi.

It lânskip waard troch de gletsjers yn de Iistiid foarme. Karakteristyk binne de roches moutonnées en de skearen. Yn de lêste Iistiid waard it lân troch de iismassa folslein ûnder de seespegel drukt. Troch it teien fan de gletsjer waarden de eilannen folslein troch wetter oersljochte. Sûnt 13.000 jier hat it lân him omheech wurke út de see, begjinnend mei it heechste punt fan Ålân de Orrdalsklint. Yn de rin fan de tiid stige it lân hieltiten fierder. Dêrtroch ûntstienen mear en mear eilannen en skearen. Dat proses set him ek hjoed de dei noch troch; Ålân stiget mei in gong fan likernôch 7 millimeter it jier.

Troch it ôfsetten fan sedimint, benammen fynsân en sylt, yn grutte mannichten (inkele meters), is hjoed de dei lânbou mooglik op de eilannen.

Klimaat Moanne Temperatuer (∅) Delslach Dagen mei delslach jannewaris - 2,5 °C 40 mm 10 febrewaris - 3,7 °C 24 mm 6 maart - 1,2 °C 30 mm 7 april + 2,7 °C 27 mm 7 maaie + 8,6 °C 24 mm 5 juny + 13,0 °C 42 mm 6 july + 15,9 °C 55 mm 7 augustus + 15,0 °C 73 mm 9 septimber + 10,5 °C 65 mm 10 oktober + 6,4 °C 61 mm 10 novimber + 2,4 °C 62 mm 12 desimber - 0,6 °C 48 mm 11

It klimaat op Ålân is yn fergelyk mei it Sweedske en Finske fêstelân tuskenbeiden. De Eastsee ferwaarmet yn de winter de kâlde noardeastlike wyn en kuollet yn de simmer de waarme súdeastewyn. De jierlikse delslach leit yn trochsneed om de 551 milimeter it jier en is dêrmei minder as yn Sweden en Finlân.

De jierlikse temperatuer is yn trochsneed 5,5 graden Celsius. De heechste temperatuer ea mjitten is 31,3 graden Celsius, de leechste is -32,4 graden Celsius.

Yn de tabel hjir njonken steane de trochsneed temperatueren, delslach en dagen mei delslach de moanne tusken 1970 en 2000.

Floare en fauna Ålân heart ta de fegetaasjesône fan de Taiga. Njonken de oerhearskjende dinne- en spjirrebeammen kinne ek leafbeammen, yn it bysûnder iken, esken, iepen en beltsje- en linebeammen fûn wurde. Op de eilannen waakse ek orchideeën, dêr't de measten fan ta de likernôch 50 beskerme planten behearre.

Op Ålân binne 25 sûchbistesoarten, dêrûnder in soad nachtbisten, mar ek reeën en reaharten. Troch de lokaasje fan de eilannen en it relatyf sêfte klimaat is der in grutter ferskaat oan fûgels as op it Finske fêstelân. Op de eilannen briede mear as 130 fûgelsoarten, dêrûnder bedrige soarten wetterfûgels as de jolling. De see-earn dy’t healwei de 70-er jierren yn gâns Finlân útstoarn wie, kin nei slagge beskermings- en werlokaasjeprojekten wer yn grutte mannichten sjoen wurde op Ålân. It jachtwyld útsein binne al bisten op Ålân beskerme.

Skiednis Orrdalsklint en Långbergen yn Saltvik, de heechste bergen fan Ålân, begûnen mei stiigjen út de Baltyske See (doe de Yoldia See) likernôch 13.000 jier lyn. De âldste archeologyske fynsten dy’t de oanwêzigens fan minsken bewize represintearje de Comb Ceramic kultuer en geane werom oant 4000 foar Kristus. Om 2500 foar Kristus hinne begûn de Pitted Warekultuer him te ûntwikkeljen op Ålân. Fan likernôch 1800 foar Kristus wurde fynsten fan de Kiukais kultuer dien.

Yn it tiidrek 1300 oant 1600 wie it Kastelholm Kastiel it plak dêr’t in soad striid en plonderings plak hienen. Fan 1714 oant 1721 waard Ålân oanfallen en fernield troch it leger fan Peter de Grutte; it meastepart fan de befolking flechte yn dy tiid nei Sweden.

De Ålâneilannen wienen part fan it lân dat ôfstien waard oan Ruslân troch Sweden ûnder de betingsten fan it Ferdrach fan Frederikshamn yn septimber 1809. Lykas alle oare parten fan Finlân, waard de arsjipel part fan it semi-autonome Grutfoarstendom Finlân.

Yn de tiid fan dat proses slagge Sweden der net yn betingsten binnen te heljen om de eilannen net te fortifisearjen. Dy kwestje wie net allinnich wichtich foar Sweden, mar ek foar it Feriene Keninkryk, dat benaud wie dat in militêre macht op de eilannen Grut-Brittanjes feiligens en kommersjele belangen yn gefaar brocht.

Yn 1832 begûn Ruslân mei de fortifikaasje fan de eilannen mei it grutte fort fan Bomarsund. Dat waard yn 1854 oermastere en ferneatige troch in alliânsje fan Britske en Frânske striidmachten as ûnderdiel fan in militêre kampanje yn de Baltyske See yn de tiid fan de Krim Kriich. Yn it Ferdrach fan Parys (1856), waarden de Ålâneilannen demilitarisearre.

thumb|right|250px|By it Kastelholm Kastiel waard yn de Midsiuwen in soad striid levere.

Mei de Finske Boargerkriich, yn 1918, ynterveniearre it Sweedske leger yn in fredesoperaasje tusken de Russyske troepen stasjonearre op de eilannen en “Wite” en “Reade” Finske soldaten dy’t fan Finlân kamen oer de beferzen see. Skiedkundigen sizze lykwols dat Sweden it yn it sin hie om de eilannen sels te oermasterjen. Nei in pear wike tiid joech it Sweedske leger romte oan it Dútske leger dat de Ålâneilannen op fersyk fan de “Wite” (konservative) Finske senaat besette.

Nei 1917 woenen de ynwenners graach dat de Ålâneilannen by Sweden kamen te hearren. In petysje foar ôfskieding fan Finlân waard troch 96,2% fan de folwoeksen eilânbewenners ûndertekene, dochs waarden letter al fraachtekens setten by dat bûtengewoan hege persintaazje. It Sweedske nasjonalisme woeks bot neidat de anti-Sweedske gefoelens yn Finlân tanamen, Dat Finske nasjonalisme woeks by Finlâns ‘gefjocht’ om autonomy te krijen en it Finske ferset tsjin de Russifikaasje fan Finlân. Dêrby kaam, dat it konflikt tusken de Sweedsktalige minderheid en de Finsktalige mearderheid (op it fêste lân) dy’t yn de jierren nei 1840 in wichtige rol spilen yn de Finske polityk, bydroech oan it ferset fan Ålân.

Finlân woe it lykwols net syn grûn ôfstean en bea de Ålâneilannen in autonome status oan. Dochs wienen de ynwenners net te sprekken oer dat oanbod, en de striid waard foarlein oan it Folkebûn. It Folkebûn besleat letter dat Finlân syn soevereiniteit oer it gebiet hâlde koe, mar dat de Ålâneilannen in autonoom gebiet wurde moasten. Dat Finlân waard der ta ferplichte om de ynwenners fan de Ålâneilannen it rjocht op 'e Sweedske taal, kultuer en lokale tradysjes te jaan. Yn deselde tiid waard yn in ynternasjonaal ferdrach fêststeld dat Ålân in neutraal gebiet wêze moast; dêrtroch waard it ferbean militêre ynstallaasjes of manskippen op de eilannen te fêstigjen.

Yn de rin fan de 20e iuw seagen gruttere mannichten ynwenners fan Ålân der de foardielen fan yn in Finsk autonoom gebiet te wêzen. De kombinaasje fan teloarstelling oer te min stipe fan Sweden yn it Folkebûn, te min respekt fan Sweden foar Ålâns demilitarisearre status yn de jierren nei 1930 en de dielde gefoelens yn en oer de Twadde Wrâldkriich, hawwe de persepsje fan de eilanners feroare fan "in Sweedske provinsje ûnder Finsk bewâld" nei "in autonoom gebiet fan Finlân". De eilanners profitearren fan de feiligens op see yn de Twadde Wrâldkriich, om't harren keapfardijskippen foar sa wol de alliearde lannen as foar Dútslân fearen. De skippen fan Ålân waarden net oanfallen, om't beide kanten mar inkeldris wisten wat der ferskippe waard.

Polityk thumb|250px|It parlemintsgebou fan Ålân.

De Ålâneilannen wurde bestjoerd neffens de Wet op de Autonomy fan Ålân en ynternasjonale ferdraggen. Dy wetten garandearje de autonomy fan de eilannen fan Finlân, dy’t folsleine soevereiniteit oer it gebiet hat, en de demilitarisearre status fan Ålân. De oerheid fan Ålân, of wol Landskapsregering, moat him ferantwurdzje tsjinoer it Parlemint fan Ålân, of wol DE Lagting, oerienkomstich de prinsipes fan parlemintarisme. Foar de Lagting wurdt alle fjouwer jier mei algemiene ferkiezings stimt.

Ålân hat syn eigen flagge, hat syn eigen postsegels sûnt 1984, hat in eigen polysjekorps en is sûnt 5 septimber 2007, mei it ûndertekenjen fan it Ålândokumint, lid fan de Noardske Ried. Sûnt 2005 hawwe de Ålâneilannen harren eigen loftfeartmaatskippij, Air Åland. De eilannen binne demilitarisearre en de ynwenners binne frijsteld fan de tsjinstplicht. Alhoewol’t Ålâns autonomy earder barde as it meitsjen fan de regio’s fan Finlân, hat de autonome oerheid fan Ålân ek de ferantwurdlikheid foar de funksjes dy’t yn hannen binne fan de regionale bestjoeren fan Finlân. Ålân is ien fan de leden fan de Small European Postal Administration Corporation.

Nei de ferkiezings fan oktober 2007 sjocht de ferdieling fan it Parlemint fan Ålân der sa út:

Partei 2007 2003 Oandiel Sitten Oandiel SittenLiberale Partij (Liberalerna på Åland)31,6%1024,1%7Sintrumpartij (Åländsk Center)23,5%824,1%7Frije kiezers (Obunden Samling)11,9%49,4%3Sosjaaldemokratyske partij (Ålands Socialdemokrater)11,5%319,0%6Boargerliken (Frisinnad Samverkan)9,5%313,6%4Unôfhinklikheidspartij (Ålands Framtid)8,1%26,5%2Groep foar langduorrige Untwikkeling (Gruppen för hållbar utveckling, Abk. HUT)1,2%0net dielnaamFoarútgongspartij (Ålands Framstegsgrupp)net dielnaam3,4%1

Ferhâlding mei Finlân