<font size="+1"> Mont Ventoux280px Waarstasjon op de Mont Ventouxhichte 1912 mKoördinaasje 44°10'25″N, 6°16'38″lLokaasje 20px FrankrykGeberchte Alpen

thumb|280px|right|De súdkante fan de top fan Mont Ventoux.

De Mont Ventoux (Oksitaansk: Mont Ventor) is in berch yn it departemint Vaucluse yn it suden fan Frankryk. De berch leit op likernôch 20 kilometer noardeastlik fan Carpentras. Oan de noardkante fan de berch foarmet it de grins mei it departemint Drôme. It is de heechste berch yn de omkriten en hat de bynamme “Reus fan de Provence” of “De Keale Berch”. De top fan de Mont Ventoux leit op 1912 meter hichte. It hichteferskil mei de foet fan de berch is 1614 meter. Op de top fan de berch stiet in waarstasjon mei in grutte stjoermêst.

Sa’t de Frânske namme al tinken docht, venteux betsjut wynderich yn it Frânsk, kin it bot waaie oan de top, benammen yn de tiid fan de mistral. Wynsnelheden sa heech as 320 kilometer it oere binne mjitten. De wyn waait 90+ km/oere op 240 dagen yn it jier. De wei oer de berch is faak ticht fanwegen de hurde wyn. Benammen de “col de tempêtes” (stoarm pas) krekt foar de top is ferneamd om syn hurde winen. De wiere boarne fan de namme fan de berch giet nei alle gedachten werom oant de 1e of 2e iuw nei Kristus, doe’t de berch Vintur neamd waard, nei de Gallyske god fan de top, of Ven-Top, wat “snie-top” betsjut yn de âlde Gallyske taal. Yn de 10e iuw kamen de nammen Mons Ventosus en Mons Ventorius foar.

Geologysk sjoen heart de Mont Ventoux ta de Alpen, mar it wurdt dêr faak apart fan sjoen omdat der gjin bergen fan deselde hichte yn de omkriten binne. De top fan de berch bestiet út kalkstien, sûnder fegetaasje of beammen, wêrtroch't it fan in ôfstân krekt liket as of de berch mei snie bedekt is it heule jier troch. De isolearre posysje fan de berch en it útsjoch oer de delling fan de Rhône soarget derfoar dat de berch it lânskip folslein dominearret, de Mont Ventoux kin sjoen wurde fan grutte ôfstannen.

De Mont Ventoux is ferneamd rekke trochdat it in stik as wat kearen opnaam is yn it parkoer fan de Tour de France, fanwegen de swierrichheid en it keale lânskip. De beklimming fan de berch te foet waard yn de Renêssânse al beskreaun troch Francesco Petrarca yn syn wurk Beklimming fan de Mont Ventoux.

Untstean Yn it Trias waard in sedimintaasjebekken foarme yn wat no súdeast Frankryk is. Yn it Juratiidrek ûntstie der troch boaiemdelgong in ferbining mei de al oanwêzige see op it plak dêr’t no de Alpen lizze. Dat is de Tethyssee. De see hie ûnderseeske rêgen (de hjoeddeiske Vercors en Mont Ventoux) en delten (de saneamde ‘fosse voconcienne’). Yn dizze delten waarden tsjokke lagen sediminten ôfsetten. Yn it Kryttiidrek rekke dit bekken fol en troch it tropyske klimaat ûntstienen koraalriffen.

Oan de ein fan het Mesosoïkum begjint in yngewikkeld proses fan ploaiïng en oerskowen as gefolch fan de konferginsje tusken de Europeeske en de Apulyske tektoanyske platen. It grûnpatroan fan it hjoeddeiske reliëf yn dit part fan Frankryk mei de Mont Ventoux en de Dentelles de Montmirail waard doe fêstlein. Yn it Mioseen berikte de alpine orogenese har earste hichtepunt. Oan de súdkant fan de Alpen ûntstie in see. De Mont Ventoux, it plato fan Vaucluse en de Montagne de Lure foarmen eilannen yn dizze see. Oan it begjin fan it Kwartêr wie dizze see folslein fuld mei sedimint. Nei de lêste Iistiid wie it hjoeddeiske hydrografyske systeem yn de omkriten fan de Mont Ventoux foarme.

Yn eardere tiden wie dit foar de befolking in hillige berch. Sa soe it ek heul oannimlik wêze kinne dat “Mont Ventoux” de betsjutting “Berch fan alle geesten” hat.

Lokaasje thumb|right|250px|De Mont Ventoux, sjoen fan Avignon ôf.

De Mont Ventoux hat syn karakteristiken te tanken oan de frijlizzende posysje yn it lânskip fan dit part fan de Provence. Benammen fan it suden en súdwesten út is de top by helder waar op grutte ôfstân te sjen. Oan de noardside wurdt it Ventouxmassyf fan de Montagne de Bluye (1062 meter) skieden troch de djippe delling fan de Toulourenc. Yn it suden foarmje de Gorges de la Nesque de skieding mei de Monts de Vaucluse en yn it easten foarmet de delte om Sault de skieding mei de Montagne de Lure. Yn it westen is it bekken fan de Malaucène de oergongssône nei de Dentelles de Montmirail (heechste punt op 734 meter). Karakteristyk foar de Mont Ventoux is de a-symmetryske foarm fan it massyf. De noardhelling is steiler as de mear stadich ôfrinnende súdhelling.

Skiednis thumb|left|250px|De noardkante fan de Mont Ventoux.

De Italiaanske dichter en gelearde Francesco Petrarca beklom, tegearre mei syn broer, de Mont Ventoux op 26 april 1336 (de preker Jean Buridan hat him lykwols earder yn de 14e iuw mooglik al nei de top fan de berch wurke as earste nijmoadrige berchbeklimmer).Petrarch, Answers.com (sjoen op 14 oktober 2010) Petrarca kleemde de earste te wêzen dy’t de berch om ‘e wille beklom sûnt de âldheid.Ascent Of Mont Ventoux, Iscanmyfood.com (sjoen op 14 oktober 2010) De beklimming fan Petrarca, fêstlein yn in brief dat letter de namme Beklimming fan de Mont Ventoux krige, hat útdrukking jûn oan in nije natuer- en lânskipserfaring wêrby estetyske en kontemplative sjenswizen mei mekoar ferbûn rekken. Guon ûndersikers beskôgje de beklimming lykwols as in wichtich barren yn de oergong fan de Midsiuwen nei it nijmoadrige tiidrek. Petrarca syn dokumintaasje wurdt dêrnjonken sjoen as it begjin fan it alpinisme, omdat hjir foar it earst de betsjutting fan sa't wy it alpinisme beskriuwe beskreaun waard:

Francesco Petrarca is troch in soad oare tinkers opfolge, wêrûnder de Provensaalske dichter Frédéric Mistral, dy’t yn 1859 in nachtlike ekspedysje ûndernaam om fan de berchtop ôf nei de sinneopkomst te sjen. Letter skreaun hy syn erfaring op:

Foar de mearsidige Frânske gelearde Jean-Henri Fabre (1823-1915) hat de Mont Ventoux as biologysk iepenloftlaboratoarium tsjinst dien, de berch ferienet ommers alle Europeeske klimaten en fegetaasjezônes fan de Middellânske See oant Laplân.

Al yn de 15e iuw waard in kapel op de top fan de berch boud, wijd oan it Hillige Krús.

Yn 1882, waard in meteorologysk stasjon op de top fan de Mont Ventoux boud. Hjoed de dei is dizze net mear yn gebrûk. Yn de jierren ’60 waard in 50 meter hege telekommunikaasjemêst boud.

Geografy It útrekte kalkstienfjild ûnderoan de berchtop is earst mei de ûntginning fan de pleatslike bosken bleatlein. Lykas op oare plakken yn de Provence binne de beamen dy’t dêr groeiden al sûnt de 12e iuw troch skipswerven yn Toulon en letter ek troch it Ancient Régime foar skipsbou-aktiviteiten brûkt. Al yn de tiid fan Jean-Henri Fabre waard nei de Mont Ventoux as in keale berch ferwiisd. Mei tank oan it inisjatyf fan M. Tichadou, in ynspekteur fan Eaux et Forêts, is yn de 1860’s mei in program fan bebosking útein setten. It projekt hat benammen Atlas-seders út Noard-Afrika op de berch plante, dizze beam docht it yn it pleatslike klimaat goed. Hjoed de dei binne guon parten fan de berch wer mei bosken beplante, en ferskate soarten fan syn oarspronklike floara wurde goed fersoarge en binne oan de noardside fan de berch lâns de kuierrûte fan GR 9 te sjen.

Fanwegen de grutte ôfstân nei oare berchtoppen yn it gebiet – de Signal de Lure mei in hichte fan 1.826 meter leit op 40 kilometer eastlik fan de Mont Ventoux – docht it foarkommen dat de berch in stik heger is as dat hy wier is. Op in heldere dei jout de berch in machtich útsjoch oer de Alpen, de Middellânske See, de Camargue, de Rhône-delling yn de rjochting fan Avignon, de Cévennes-berchrige, it Sintraalmassyf en sels de tsjerke Notre-Dame-de-la-Garde yn Marseille is te sjen.

Mikroklimaat thumb|left|250px|Utsjoch fan de Mont Ventoux ôf.

It grutte hichteferskil tusken de top fan de Mont Ventoux en de omkriten én de foar it meastepart west-eastferrinnende rjochting fan it Ventouxmassyf feroarsaket in grut ferskaat oan klimatologyske omstannichheden.

De súdwestflank fan it massyf (grinzjend oan de flakte fan Bedoin) hat oant likernôch 1000 meter hichte in benammen mediterraan klimaat. Troch de lizzing krijt dizze kante in soad sinne. De eastflank is mear bleatsteld oan de steurings en hat dêrom in kâlder en wieter klimaat. It massyf sels is ferantwurdlik foar in krêftige omheechgeande beweging fan de loftmassa, wêrtroch de delslachmannichten grut binne.

Trochstrings binne der 90 reindagen jiers. By Chalet-Reynard is de trochsneed jierlikse delslach 130 milimeter, op de top is dat 1220 milimeter. De delslach is ûnregelmjittich oer it jier ferspraat mei in gruttere mannichten reinwetter yn de hjersttiid en de maaitiid. Fûleindige wolkbreuken fan 100 milimeter yn in oere binne gjin útsûndering.

Yn de simmer skommelje de temperatueren yn de sônes heger as 1000 meter tusken de 10º en 18 °C. Op trochstrings 100 dagen yn it jier is de top fan de berch wei yn dize en leech hingjende bewolking. Yn de winter is de top oersljochte mei snie (trochstrings 50 dagen yn it jier) en de temperatuer kin dan sakje oant -27 °C.

Wyn is nau besibbe mei de Mont Ventoux. Benammen de mistral (relatyf kâld en drûch) kin soargje foar wyn dy’t hommels opstekt. Yn it lânskip om de Mont Ventoux hinne is goed te sjen hoe grut de ynfloed fan dizze krêftige noardewyn is.

Wetterreservoir Hoe toar de toppe fan de Mont Ventoux ek liket, de berch docht tsjinst as in grut wetterreservoir. Rein- en raanwetter wurde tige gau troch it kalkstien opnomd. It wetter fynt dan har eigen paad troch in netwurk fan ûndergrûnske wetterrinnen om dêrnei op ferskate plakken as boarne wer op te dûken; de boarne Groseau yn Malaucène bygelyks, of de ferneamde welle Fontaine-de-Vaucluse oan de súdkante fan it massyf. Ek de noardside fan de Mont Ventoux hat tal fan boarnen. Se lizze tusken de 1000 en 1788 meter, bygelyks de Fontfiole (1788 meter), de Font-du-Contrat (1400 meter) en de Fontaine-Froide (1000 meter).

Terrasselânskip Benammen oan de súdlike hellings fan it Ventouxmassyf kin noch op ferskate plakken in terrasselânskip oantroffen wurde. Lokale nammen foar dizze terrassen mei harren typyske muorren fan steapele stiennen binne ûnder oare ‘restanques’ en ‘bancaous’. Se binne faak iuwen âld, al is de krekte âlderdom net mei wissichheid te sizzen. Nei dat de oarspronklike fegetaasje ferdwûn, waarden muorren fan likernôch 2 meter heech boud. Op de wakker flakke terrassen waard in grut ferskaat oan agraryske kultueres fûn: oliif- en mangelbeammen, nôtferbou, abrikoas, miede en jujube. Dit ferskaat makke de lokale befolking foar in grut part ûnôfhinklik fan bûten. Troch de opkommende meganisaasje en rasjonalisaasje yn de lânbou ferlearen de terrassen harren agraryske funksje. Se waarden hieltyd mear ferlitten en ferrinnewearre. De ôfwêzichheid fan agraryske kultueres yn kombinaasje mei de ferwurden en dus ôfbroazeljende terrasmuorkes fersnelde it eroazjeproses. Hellings kinne minder goed it reinwetter fêsthâlde en grûn spielt gauwer fuort. Op in tal plakken binne hja om dizze redenen begûn mei it bymeitsjen fan de terrassen. De oerheid hat hjirfoar ûnder foarwaarden subsydzje frij jûn.

Floara thumb|right|250px|Utsjoch op it moannelânskip fan de top fan de Mont Ventoux. De berchtop wurdt troch in ekstreem klimaat skaaimerke, hjir libje sels soarten dy’t ornaris yn arktyske klimaten foarkomme. Fan in grut tal beskerme planten groeie guon allinnich op de Mont Ventoux. Gjin plant op de berch mei ploaitse wurde, sels al wurdt it soarte net beskerme. UNESCO hat it libbensromte fan seldsume planten yn 1990 ta biosfearreservaat útroppen, ûnder de namme Réserve de Biosphère du Mont Ventoux. It reservaat omfiemet de berch en syn omjouwing yn en rekt him út oer in gebiet fan 90.000 hektare mei likernôch 38.000 ynwenners.