thumb|Sieger Baukema, 80 jier Sieger Jan Baukema (Aldemardum, 3 april 1852 - Arnhim, 10 septimber 1936) wie in keunstskilder.

Baukema wie yn 't earstoan ûnderwizer. Dêrnei gie er nei de Akademy Minerva yn Grins en helle de MO-akte tekenjen yn Delft oan de Polytechnyske Skoalle. Hy hat yn Aldemardum , Grins, Delft, Dimter (1882-1884), Arnhim (1884), Heelsum (1884-1899) en nochris Arnhim (1899-1936) wurke; yn Arnhim wie er lange tiid direkteur-learaar oan de tekenskoalle.

Hy skildere potretten en lânskippen yn ympresjonistyske styl. Hy krige ûnderrjocht fan Théophile de Bock, Adolf le Comte, Johannes Hinderikus Egenberger en Paul Tetar van Elven

Baukema wie troud mei Maria Johanna Philipse (troud yn 1887).

Keppeling om utens Wurk fan Sieger Baukema Briefwikseling mei Willem Witsen

Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Aldemardum Kategory:Persoan berne yn 1852 Kategory:Persoan stoarn yn 1936