thumb|De Goddeloaze Singel De Goddeloaze Singel of Schwartzenbergs Reed is in paad tusken Feanwâlden en de Falom, dat eartiids ferskate kleasters en merken mei inoar ferbûn.
thumb|left|Tekening it brechje oer de Falomsterfeart by it tolhûs (Ids Wiersma. Ids Wiersma skildere it Goddeleaze Tolhûs, it skilderij hinget yn de Aldheidkeamer fan Dantumadiel Oer de Goddeleaze Singel besteane meardere folksferhalen. Sa skriuwt Waling Dykstra oer in bewenner fan it Goddeleaze Tolhûs dy't in soad misdieden plege en dêr ryk mei waard. Dr. Jacob Botke jout yn "De gritenij Dantumadiel" (1932) in ferklearring foar de namme 'Goddeleas'. Sa soe by de Goddeleaze Singel en it Goddeleaze Tolhûs in Romke Harkes wenne ha, dy't de bynamme goddeleas krige omdat der sa omraken flokt waard.
In oar tige bekend ferhaal is de sêge oer it spûk fan it Skilige Pypke. De ferhalen oer in spûk wiene oant yn 'e 20 iuw de oanlieding dat minsken nachts net oer it Skilige Pypke doarsten om 't se benaud wiene it spûk fan it Skilige Pypke tsjin te kommen.
It Skilige Pypke wie oant 2015 in lytse brêge oer de Singelsfeart op de âlde wei fan Feanwâlden (Oastwei) nei de Westereen (Boppewei). Dat brechje waard yn it ramt fan 'e oanlis fan 'e Sintrale As ôfbrutsen en op it plak fan 'e eardere brêge is hjoed-de-dei in smelle tunnel ûnder de Sintrale As troch. Tichteby it eardere brechje stiet hjoed-de-dei it Goddeleas Fiersicht, in útsjochtoer út 2018.
Skiednis De Goddeleaze Singel wie eartiids in wichtich paad fan noard nei súd. Yn in oarkunde út 1453 wurdt skreaun oer it begeanber meitsjen fan twa hannelpaden. De iene rûn fan Ljouwert nei it Barrakonvint yn Burgum, de oare fan Dokkum nei Smelle Ie. De Goddeleaze Singel rûn troch sompen en wie net oeral ferhurde, en sa is it noch. Skriuwer S.J. van der Molen hat útsocht hoe't de rûte fan Broeksterwâld nei Smelle Ie rûn hat: Fan Ikkerwâld (no Damwâld) nei it tolhûs yn it suden. Hjir lizze natuergebieten as de Houtwiel, it tolhûs bestiet net mear, der stiet no in nije wente. Fan it Skilige Pypke nei De Swette by Kûkherne. It ûnferhurde paad rint hjir fierder troch de greiden, west fan 'e Kûkhernster Feart oant de Grinzer Strjitwei. Westoan oer de Simmerdyk en súdoan oer de Kleasterloane nei Burgum. Fan it oerbliuwsel fan it Barrakonvint, de Krústsjerke, fierder oer it Prinses Margrietkanaal (eartiids de Burgumerdaam) nei Sumar. Fan Sumar nei Nyegea en dan oer de Kilometerwei en letter de Hegewei oer de Kletsterfeart nei Smelle Ie.
Kategory:Feanwâlden Kategory:Folksferhaal Kategory:Wei yn Fryslân Kategory:Geografy fan Dantumadiel