thumb|Rauschenberg yn 1999 thumb|"Riding Bikes" (1998) Berlyn

Robert Rauschenberg (Port Arthur, Teksas, 22 oktober 1925 – Captiva Island, Florida, 12 maaie 2008) wie in Amerikaanske keunstner, dy't oan de basis stie fan de Amerikaanske Pop Art-beweging. Hy evoluearre fan abstrakt ekspresjonist nei Pop-Art-artyst en benammen assemblaazjekeunstner. Hy wie bekend as keunstskilder, byldhouwer, fotograaf, performer en koreograaf.

Robert Rauschenberg waard ynspirearre troch Andy Warhol (mei syn seefdrukken), John Cage syn filosofy en Jasper Johns (om syn objekten en symboalen).

Bekend wurk Odalisk 1955-1958 Bed 1955 Monogram 1955-1959. In angorabok yn in beskilderde autobân. In wurk basearre op jeugdoantinkens doe't syn leafste bok slachte waard. Rauschenberg wurke yn 1962 mei keunsteners, sa as Daniel Spoerri, Jean Tinguely en Bernhard Luginbühl yn it Steds Museum Amsterdam oan it projekt Dylaby (Dynamysk Labyrint). Riding Bikes 1998

Keppelings om utens Robert Rauschenberg biography op New York City Guggenheim Museum webside sitaten fan Robert Rauschenberg op it Ingelske Wikiquote

Kategory:Amerikaansk koreograaf Kategory:Amerikaansk byldzjend keunstner Kategory:Amerikaansk keunstskilder Kategory:Amerikaansk byldhouwer Kategory:Grammy-winner Kategory:Amerikaansk koreograaf fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk keunstner fan Yndiaansk komôf Kategory:Persoan fan Sjeroky-komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1925 Kategory:Persoan stoarn yn 2008