Swimme is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stean. De sport is tagonklik foar sporters mei in lichaamlike beheining as sintúchlike beheining.

Regels Der binne in pear ôfwikende regels mei it gewoane Swimmen. By bepaalde beheinings is it tastien om yn tsjinstelling mei it gewoane swimme fanút it wetter as sittend fan ôf it startblok te starten. Protezes as oare helpmiddels binne net tastien. In swimbril is tastien, net allinne om de eagen te beskermjen, mar ek om it sicht yn it wetter te ferbetterjen. Automatyske lûdssinjalen binne as helpmiddel tastien foar swimmers mei fisuele beheinings. In fisueel beheinde mei fan de kant ôf troch in assistint middels in lûdssinjaal holpen wurde om de ôfstân oant it kearpunt as de finish yn te skatten. In fisueel beheinde moet altyd in ûntrochsichtige swimbril op ha.

Klassifikaasje Swimmers wurde klassifisearre ôfhinklik fan har funksjonele mooglikheden om in bepaalde slach út te fieren. Dat klassifikaasjesysteem makket it mooglik dat sporters mei inselde beheining mei inoar stride kinne.

Yn 1960 waarden de ferskillende klassen oanjûn mei kompleet en ynkompleet folge troch in sifer en soms foarôfgeand troch juniors. Yn 1964 waarden de ferskillende klassen oanjûn mei kompleet en ynkompleet folge troch in sifer, en Prone kompleet, Prone ynkompleet, Supine kompleet, Supine ynkompleet folge troch in sifer, junior class, Prone cauda equina, Prone special class, special class, Supine cauda equina en Supine special class. Yn 1968 waarden de ferskillende klassen oanjûn mei de sifers 1 oant en mei 5 folge troch kompleet as ynkompleet. Klasse 5 wie de eardere cauda equina klasse en dan wie der noch de special class. Yn 1972 waarden de ferskillende klassen oanjûn mei de Sifers 1 oant en mei 6. Klasse 1 wie opdield yn in A en in B klasse.

anno 2008 Fisueel Beheinden binne Yndield in de klassen S11 (folslein blyn), S12 en S13 (Beperkt sicht). Op de Paralympyske Spullen komme se mei innoar út op de 50m, 100m, 400 m vrij, 100m rêch, 100m Flinter, 100m Skoal , 200m Wikselslach, 4x100m frij en 4x100m wiksel. Lichamelijk beperkten wurde yndield yn in klasse op basis fan ferskillende faktoren lykas har spierkracht, koördinaasje, bûgingsgraad fan har gewrichten, lingte fan har ledematen. Dernêst moatte se in test ôflizze yn it wetter dêr't se alle slagen útfiere moatte. Dy yndieling kin per slach ferskillend wêze: Frije Slach, Rêchslach en Flinterslach: 10 klassen: S1-S10 Wikselslach: 10 klassen: SM1-SM10 Skoalslach: 9 klassen: SB1-SB9 Hoe leger it nûmer, hoe swierder de beheining.Op de Paralympyske Spullen binne der de folgjende ûnderdielen: Frije Slach: 50m en 100m: S1-S10; 200m: S1-S5; 400m: S6-S10 Rêchslach: 50m: S1-S5; 100m: S6-S10 Finsterslach: 50m: S1-S7; 100m: S8-S10 Skoalslach: 50m: SB1-SB3; 100m: S4-S9 Wikselslach: 150m: SM1-SM4; 200m: SM5-SM10 Estafette: 4x50m vrij en 4x50 wiksel; 4x100 vrij en 4x100 wiksel

By de estafettes foar fisueel beheinden mei de optelde skoare fan de fjouwer swimmers fan it team maksimaal 49 wêze. In swimmer yn de klasse S11 hat 11 punten, yn S12 12 punten en yn S13 13 punten. By de estafettes foar de lichaamlike beheinden binne der twa ûnderdielen; ien foar teams mei in maksimale skoare fan 20 punten en foar teams mei in maksimale skoare fan 34 punten. Dêrby korrespondearret ek dit kear wer it klassennûmer mei de skoare.

Ofstannen Der wurde op de Paralympyske Simmerspullen ferskillende ôfstannen swommen. By de easte Simmerspullen yn 1960 stiene der 7 ôfstannen op it swimprogramma. Yn 2008 wiene dat der 16 ôfstannen. Per ôfstân wurdt der swommen yn ferskillende klassen, net alle klassen dogge alle ôfstannen.

1960196419681972197619801984 1988199219962000200420082012Crawl 25 mX Crawl 50 mX Rêchslach 25 mX XXXXXX Rêchslach 50 mX XXXXXXXXXXX Rêchslach 100 m XXXXXXXXXX Rêchslach 200 m XX Skoalslach 25 mXXXXXXXX Skoalslach 50 mXXXXXXXXXXXXX Skoalslach 100 m XXXXXXXXXXX Skoalslach 200 m XXX Skoalslach 400 m X Flinterslach 25 m XXXX Flinterslach 50 m XXXXXXXXX Flinterslach 100 m XXXXXXXXX Frije Slach 25 m XXXXXX Frije Slach 50 m XXXXXXXXXXXX Frije Slach 100 m XXXXXXXXXXX Frije Slach 200 m XXXXXXX Frije Slach 400 m XXXXXXXX Frije Slach 3x25 m X XXX Frije Slach 3x50 mX X X Frije Slach 3x100 m XXX Frije Slach 4x50 m XXX XXXXX Frije Slach 4x100 m XXXXXXXX Wikselslach 75 m X Wikselslach 100 m X Wikselslach 150 m X XXXXX Wikselslach 200 m XXXXXXX Wikselslach 400 m XXX Wikselslach 2x25 m X Wikselslach 2x50 m XX Wikselslach 3x25 m X XXX Wikselslach 3x50 m X XXXX Wikselslach 3x100 m XX Wikselslach 4x25 m XX Wikselslach 4x50 m XXXXXXXXX Wikselslach 4x100 m XXXXXXXXX

Sjoch Ek Swimme op de Olympyske Simmerspullen