thumb|Topografyske gemeentekaart fan De Bilt De Bilt is in gemeente middenyn de provinsje Utert. De gemeente hat ynwenners (, boarne: CBS) en in oerflak fan ± 67 km² (wêrfan amper wetter). It doarp De Bilt hat 10.925 ynwenners (1 jannewaris 2021).
Skiednis De hjoeddeiske gemeente De Bilt is op 1 jannewaris 2001 ûntstien út in gearfoeging fan de gemeente De Bilt (De Bilt en Bilthoven) en de eardere gemeente Maartensdijk (Maartensdijk, Westbroek, Hollandsche Rading en Groenekan).
De Bilt hat 66 ryksmonuminten.
Kearnen De gemeente hat de neikommende doarpskearnen: De Bilt, Bilthoven, Groenekan, Hollandsche Rading, Maartensdijk en Westbroek.
Kearn Ynwenners (2021)Sintraal Buro foar de Statistyk De Bilt 10.925 Bilthoven 22.885 Groenekan 1.935 Hollandsche Rading 1.575 Maartensdijk 4.880 Westbroek 1.165
Ferfier De gemeente hat twa spoarstasjons. Stasjon Bilthoven oan it spoar Utert-Amersfoart en stasjon Hollandsche Rading oan it spoar Utert-Hilfertsom. De autodiken A28 en A27 rinne ek lâns of troch de gemeente.
Ekonomy It Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút sit al sûnt 1897 ten suden fan it plak De Bilt. In oare grutte wurkjouwer yn de gemeente is it RIVM.
Geografy In diel fan de gemeente (De Bilt en Bilthoven) is ûnderdiel fan de agglomeraasje Utert. De gemeente grinzget yn it noarden oan Hilfertsom (NH), yn it noardeasten oan Baarn, yn it easten oan Seist, yn it súdwesten oan Utert en yn it noardwesten oan de gemeente Stichtske Fecht.
De Bilt moat net betize wurde mei de Fryske gemeente en streek It Bilt.
Keppelings om utens
Webstee fan de gemeente De Bilt
Kategory:Gemeente yn Utert Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2001