Lyts-Reinaldastate lei noardeast fan Westernijtsjerk yn de gemeente Ferwerderadiel op de súdlike punt fan de langhalige terp fan Terstêd. Tichtby stie Grut-Reinaldastate. Oer de relaasje tusken Grut- en Lyts-Reinalda kinne ferskate hypotezes opsteld wurde. Sjoch hjirfoar by Grut-Reinaldastate
De state wie ôfkomstich fan Auck Markla en hearde eartiids oan de neibuorjende Jeppema's. Yn 1558 kamen Lyts- en Grut-Reinalda tydlik yn ien hân: Saepck Itsma, dy't eigner wie fan Grut-Reinalda, kocht doe ek Lyts-Reinalda. Fjouwer jier letter liet se Clein Regnaldae nei oan har soan Gemme fan Burmania. Yn de 16e iuw en letter wiene beide states pachtgoed.
Eigeners 1511 Take Mockama en syn frou Auck Jellinga alias Marckla 1540, 1543 Wyger Feytsma en syn frou Auck Jellinga alias Marckla oant 1558 Arlcke Feytsma 1558 - 1562 Saepck Itsma. 1562 Gemme fan Burmania
Kategory:State Kategory:Westernijtsjerk Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Ferwerderadiel Kategory:Stins of state yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn de 16e iuw