thumb|Che Guevara, Kuba 1959
Ernesto "Che" Guevara (Rosario (Argentynje), 14 juny 1928 - La Higuera (Bolivia), 9 oktober 1967), ek wol Che Guevara of koartwei Che neamd, wie in Argentysk marksistysk revolusjonêr, politikus, skriuwer, dokter en guerrilla-strider.
Guevara is in ferneamd revolusjonêr. Hy wie ien fan de foaroanmannen by de machtsoername op Kuba yn 1959. Dêrnei focht er yn Kongo. Syn lêste rebûlje wie yn Bolivia.
Bernetiid en jonkheid Ernesto Guevara wie hikke en tein yn Rosario, Argentynje. Guevara hat al syn libben problemen hân mei syn sûnens. Doe't er trije wie krige er lêst fan astma. Hy lies in protte, sawol boeken fan Sigmund Freud, Charles Baudelaire, Karl Marx en Giovanni Boccaccio, mar ek minder swiere boeken lykas 'Robinson Crusoë' en 'De trije musketiers'. Guevara wie yn syn jeugd by ferskillende sportferienings aktyf, mar rugby wie syn favoryt. Yn 1948 gong Guevara nei de universiteit fan Buenos Aires en studearre dêr medisinen. Yn 1951 makke er in motorreis troch Latynsk-Amearika mei syn maat Alberto Granado. It doel fan dy reis wie de leprakoloanje oan de rivier de Amasône yn Perû, dêr't sy as frijwilligers oan 't wurk woenen. It deiboek fan syn reis, The Motorcycle Diaries, waard in bestseller (ferfilme yn 2004).
Kuba Yn 1955 slút Guevara him oan by de 26 july beweging (ôfkoarting: M-26-7), de guerrillabeweging fan Fidel Castro. Yn Meksiko túgden de leden fan de M-26-7 in boat oan dêr't se mei nei Kuba farren. Op 2 desimber 1956 kamen hja yn Kuba oan. It Kubaanske leger wachte al op de guerrillastriders, dy't fan it strân ta de jungle yn besochten te flechtsjen. 12 fan de 82 revolusjonêren oerlibben de flecht, sa ek Guevara. Yn de bergen fan de "Sierra Maestra" wurken de revolusjonêren oan in nij legerke. De soldaten fan dat legerke wienen benammen boeren en yntellektuelen. Guevara krige al gau de heechste rang, dy fan "Comandante", en waard sa bûnsmaat fan Castro. By de revolúsje naam Guevara de eksekúsje fan ynformanten, ferrieders en spionnen op syn noed. De M-26-7 beweging makke twa jier rebûlje op Kuba en koe 1 jannewaris 1959 de politike macht oernimme fan diktator Fulgencio Batista.
Nei Kuba Yn 1965 makke Guevara in reis nei Kongo, om mei de rebellen dêr te striden. De revolúsje yn Kongo wie gjin sukses. Guevara moast him mei oare Kubaanske troepen weromlûke út de striid. Nei de mislearre revolúsje makke er in reis nei ferskillende lannen. Hy reizge fan Kongo nei Tanzania, Praach, Kuba (geheime reis), Moskou, Praach, Wenen nei Bolivia. Op 3 novimber 1967 sluet er him by de oare revolusjonêren yn Bolivia oan. De striid fan de revolusjonêren yn Bolivia mei sa'n 50 guerrillas hie yn maart 1967 súkses. Dochs krigen de guerrillas gjin stipe fan de boeren en ek net fan de Kommunistyske Partij. It leger fan Bolivia waard sterker en krige ek noch stipe fan de Feriene Steaten. Op 8 oktober waard Guevara ferret troch in deserteur. Syn eksekúsje wie in dei letter.
Literatuer Ernsto Guevara: een nieuwe mens in een communistische maatschappij, yn Filosofen van de derde wereld: Frantz Fanon, Che Guevara, Paulo Freire, Ivan Illich, Mao Tse-Toeng, 'tj.. Ambo, Bilthoven (1975); sd.48-62. Che Guevara, A Revolutionary Life, ISBN 0-8021-3558-7 Che Guevara, ISBN 90-445-0681-1 Het economisch denken van Che Guevara, Ned. oerset. Uitg. EPO, 1995, ISBN 90-6445-816-2
Kategory:Argentynsk ûnderwizer Kategory:Argentynsk dichter Kategory:Argentynsk reisferhaleskriuwer Kategory:Argentynsk publisist Kategory:Argentynsk essayist Kategory:Argentynsk polityk skriuwer Kategory:Argentynsk politikolooch Kategory:Argentynsk dokter Kategory:Argentynsk guerriljastrider Kategory:Argentynsk politikus Kategory:Argentynsk diplomaat Kategory:Argentynsk polityk aktivist Kategory:Argentynsk revolúsjonêr Kategory:Argentynsk kommunist Kategory:Argentynsk ateïst Kategory:Argentynsk misdieslachtoffer Kategory:Kubaansk ûnderwizer Kategory:Kubaansk dichter Kategory:Kubaansk reisferhaleskriuwer Kategory:Kubaansk publisist Kategory:Kubaansk essayist Kategory:Kubaansk polityk skriuwer Kategory:Kubaansk politikolooch Kategory:Kubaansk dokter Kategory:Kubaansk guerriljastrider Kategory:Kubaansk politikus Kategory:Kubaansk diplomaat Kategory:Kubaansk minister Kategory:Kubaansk polityk aktivist Kategory:Kubaansk revolúsjonêr Kategory:Kubaansk kommunist Kategory:Kubaansk ateïst Kategory:Kubaansk misdieslachtoffer Kategory:Argentynsk persoan fan Baskysk komôf Kategory:Argentynsk persoan fan Iersk komôf Kategory:Kubaansk persoan fan Argentynsk komôf Kategory:Kubaansk persoan fan Baskysk komôf Kategory:Kubaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan dy't stânrjochtlik eksekutearre is Kategory:Persoan berne yn 1928 Kategory:Persoan stoarn yn 1967