thumb|260px|Bordena Bordena is in monumintaal gebou oan de Haadstrjitte 31 yn Beetstersweach.
Skiednis thumb|left|100px|Finsteromlisting Huzinge Bordena It hûs is boud yn 1868 troch de destiidske boargemaster fan Opsterlân, de arts Joachimus Lunsingh Tonckens. Hy soe de bou fan de wenning finansierd hawwe út in omstriden erfenis, dy't hy krigen hie fan syn buorfamily, de grytman Saco van Teijens en syn broer en suster.Webside Stichting van Teyens Fundaasje Beetstersweach Nei it ferfarren fan Tonckens nei De Haach krige de huzinge yn 1895 in nije bestimming as pastorije. Opfallend binne plastere hoeklisenen en eklektyske finsteromlistingen (sjoch ôfbyld). Yn 1981 waard it hûs ferboud. Bordena is erkend as ryksmonumint.
Kategory:Hûs yn Opsterlân Kategory:Beetstersweach Kategory:Ryksmonumint yn Opsterlân Kategory:Bouwurk út 1868