De VIIe Paralympyske Simmerspullen waarden yn 1984 hâlden yn Stoke Mandeville (Grut-Brittanje) en New York, (Feriene Steaten).
Skiednis De Paralympyske Simmerspullen fan 1984 waarden yn twa ferskillende lannen organisearre. Dit wie foaral te witen oan de Amerikaanske handikaptensport Organisaasjes en de wize fan Fûnsenwinnen. Mei namme de Amerikaanske Rolstoelsport Organisaasje woe sa’n soad ynfloed ha en sporters op de Spullen, dat it foar de oare Organisaasjes (Blinnen, Spastysksi en Amputearden) net te akseptearjen wie. Dy trije nasjonale organisaasjes besletten dêrop de mei ynstimming fan de 3 ynternasjonale Organisaasjes: IBSA (Blinnen), CP-ISRA (Spastysksi) en ISOD (Amputearden) om de Paralympyske Spullen yn New York, de Feriene Steaten te hâlden fan 16 juny oant 30 juny 1984, sûnder de rolstoelsporters.
Troch dy beslissing kamen de Spullen foar de rolstoelsporters op de tocht te stean. In poging om de Spullen foar rolstuollers dochs yn de Feriene Steaten te organisearjen, yn de steat Illinois en de stêd Champaign, fan 19 juny 1984 oant 4 july 1984, bleken al gau Finansjeel net helber, om’t de Amerikaanske Regearing al finansjele tasizzings dien hie oan de Spullen yn New York. Troch al it geharrewar trokken in protte grutte Sponsoren har ek werom. Under grutte ynternasjonale druk wie it Bestjoer fan Ynternasjonale Organisaasje foar de rolstoelsporten, ree te ûndersykjen as de Spullen ek yn Stoke Mandeville (Grut-Brittanje) organisearre wurde koene. Op dy lokaasje waarden ek altyd de jierlikse "Stoke Mandeville Spullen" hâlden. Spittigernôch blykte ek dêr, troch de koarte tiid dy’t noch beskikber wie, dat it jild dêr ek de Stroffelstien wurde soe.
De Nederlanner Pieter Joon, lid fan it bestjoer fan de ISMGF en fan it Nasjonaal Fûns Sport Gehandicapten (NFSG) yn Nederlân, en ek fisefoarsitter fan de Nederlânske ynfaliden Sportbûn (NIS) hat in wichtige finansjele subsydzje fan it NFSG krije kinnen foar de Spullen yn Grut Brittanje. Allinne troch dy finansjele stipe út Nederlân koene de Spullen fan 23 july 1984 oant 1 augustus 1984 in Stoke Mandeville organisearre wurde.
Medaljespegel 1. Feriene Steaten 101 91 84 276 2. Grut-Brittanje 75 80 85 240 3. Sweden 51 30 22 103 4. Kanada 48 52 49 149 5. West-Dútslân 44 42 29 115 6. Nederlân 44 40 17 101 7. Frankryk 37 39 23 99 8. Austraalje 29 38 26 93 9. Noarwegen 22 24 20 66 10. Denemark 22 6 11 39
Sporten Dit jier stiene der 18 sporten op it programma, wêrfan Wrakseljen foar it lêst, en de Hynstesport foar it earst.
Dielnimmende Lannen Yn totaal diene der sa'n 45 lannen mei oan de Spullen fan 1984.
Sjoch ek Paralympyske Spullen
Keppelings om utens offisjele webside Ynternasjonaal Paralympysk Komitee
1984 Kategory:Barren yn 1984 Kategory:Skiednis fan New York (stêd) Kategory:Sportevenemint yn de Feriene Steaten Kategory:Evenemint yn New York (stêd) Kategory:Sportevenemint yn Ingelân Kategory:Skiednis fan Ingelân