thumb|right|Brittanje yn de 7e iuw thumb|De opkomst fan Norhumbria It Keninkryk Bernisia wie in keninkryk fan de Angelen in Noard-Ingelân yn de 6e en 7e iuw . It ûntstie út it oan de Hen Ogledd tahearrende gebiet "Brynaich", nei’t dy al troch de Angelen oermastere wienen en foarme letter mei it súdliker lizzende Deira it keninkryk Northumbria.

Geografy Bernisia rûn fan de rivier de Tyne oan de Firth of Forth en omfieme it gebiet fan de greefskippen Northumberland en Durham fan no. De westgrins ferskode yn de rin fan de tiid hieltyd fierder nei it westen oant ek it Kumbryske Rheged en Gododdin en parten fan it Britske Keninkryk Strathclyde ta Bernisia hearden.N. J. Higham, The Kingdom of Northumbria, p. 82ff. De keningssit wie yn Bamburgh, dat nei Bebba, frou fan kening Aethelfrith neamd wie. Beda, HE III, 6, und III, 16.Nennius, HB, c. 63

Skiednis De earst beskreaune kening wie Ida fan Bernisia. Hy soe yn 547 op de troan kaam wêze.MSC A, s. a. 547 Kening Aethelfrith ferienige yn 604 Bernisia mei it súdlike Deira en foarme sa Noardumbrje.D. P. Kirby, The Earliest English Kings, s. 57 Hy hearske oant 616, doe’t er yn in slach tsjin Raedwald, kening fan East Anglia, dy’t Aethelfriths rivaal Edwin fan Noardumbrje stipeunterstützte, sneuvele,N. J. Higham, The Kingdom of Northumbria, p. 113 Edwin waard doe hearsker oer sawol Deira en Bernisia, sa ûntstie it keninkryk Noardumbrje.

Edwin foel yn de Slach fan Hatfield Chase tsjin kening Cadwallon ap Cadfan fan Gwynedd en Penda fan Mersia op 12 oktober 633, wêrnei’t Noardumbrje wer útien foel yn Bernisia en Deira. Bernisia waard noch in skoftsje bestjoerd troch Eanfrith, in soan fan Aethelfrith; ek hy waard troch Cadwallon dea dien.Beda, HE, III, 1 Syn broer Oswald folge him op, stelde in nij leger gear en befjochte doe Cadwallon yn 634 yn de Slach fan Heavenfield, Cadwallon ferlear derby it libben.Nennius, HB, c. 64 Nei syn oerwinning ferienige er Deira wer mei Bernisia.F. M. Stenton, Anglo-Saxon England, s. 82 Fan dat stuit ôf wienen de keningen fan Bernisia de hearskers oer Noardumbrje, om’t de dynasty dy’t Deira regearre hie sa’n bytsje útrûge wie troch Cadwallon.F. M. Stenton, Anglo-Saxon England, s. 81

Doe't Oswald lykwols yn 642 sneuvele yn de Slach fan Maserfield, tsjin Penda fan Mersia, foel it lân wer út elkoar. It súdlik diel keas in nije kening (Oswine), wylst Oswald syn broer Oswiu op 'en nij it regear oer alinne Bernisia hie.N. J. Higham, The Kingdom of Northumbria, s. 129 Yn 651 liet Oswiu Oswine fermoardzje en waarden beide riken nochris ferienige,ASC A, s. a. 651 mar Deira hold ûnderkeningen dy't lykwols allinnich út it laach fan Oswald en Oswiu stamden.N. J. Higham, The Kingdom of Northumbria, s. 130

Keningen fan Bernisia Ida soan fan Eoppa (547 - 559) Glappa soan fan Ida (559 - 560) Adda soan fan Ida (560 - 568) Æthelric soan fan Ida (568 - 572) Theodric soan fan Ida (572 - 579) Frithuwald (579 - 585) Hussa fan Bernisia (585 - 593) Æthelfrith (593 - 616)

Under bwâld fan Deira (616 - 633) Eanfrith fan Bernisia soan fan Æthelfrith (633 - 634)

Literatuer Primêr De Angelsaksyske Kronyk: MS A v. 3, Janet Bately (Hrsg.), Brewer, Rochester (NY) 1986, ISBN 0-8599-1103-9. Bede's Ekklesiastyske Skiednis fan it Ingelske Folk, B. Colgrave & R.A.B. Mynors (Hrsg.), Clarendon, Oxford 1969, ISBN 0-1982-2202-5. Nennius, Historia Brittonum, David Dumville (Hrsg.), Brewer, Cambridge 1985, ISBN 0-8599-1203-5. Sekundêr Alcock, Leslie, Kings and Warriors, Craftsmen and Priests in Northern Britain AD 550–850. Society of Antiquaries of Scotland, Edinboarch, 2003. ISBN 0-903903-24-5 Alcock, Leslie, Arthur's Britain: History and Archaeology, AD 367–634. Penguin, Londen, 1989. ISBN 0-14-139069-7 Higham, N.J., The Kingdom of Northumbria AD 350–1100. Sutton, Stroud, 1993. ISBN 0-86299-730-5 Lowe, Chris, The Making of Scotland: Angels, Fools and Tyrants: Britons and Angles in Southern Scotland. Canongate, Edinboarch, 1999. ISBN 978-0862418755 Morris, John, The Age of Arthur. Weidenfeld & Nicolson, Londen, 1973. ISBN 0-297-17601-3 Ziegler, Michelle. "The Politics of Exile in Early Northumbria." The Heroic Age 2 (1999). Online.

Sjoch ek Rheged Keninkryk Noardumbrje

Kategory:Histoarysk lân yn Jeropa Kategory:Skiednis fan Ingelân Kategory:Skiednis fan Skotlân Kategory:Angelsaksen Kategory:Keninkryk Kategory:Skiednis fan Northumberland Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 420 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 634