250px|thumb|Selsportret fan Goya út syn rige Los Caprichos (1799) 250px|thumb|'Begraaf se en wês stil' út de rige Los desastres de la guerra 250px|thumb|'De neakene Maja' (La maja desnuda) 250px|thumb|'De klaaide Maja' (La maja vestida) yn Museo del Prado right|thumb|250px|Allegory op de konstitúsje ('Wierheid', 'Tiid' en 'Skiednis', (1812) Francisco José De Goya y Lucientes (Fuendetodos, yn de provinsje Zaragoza, Aragón, 30 maart 1746 - Bordeaux, 16 april 1828) wie in Spaanske keunstskilder en graveur.

Skilderstyl It wurk fan Francisco Goya heart ta de Barok, Rococo en Romantyk.

De ynfloed fan Goya op lettere keunst is fan belang, omdat syn keunst de tradysjes fan destiids ûndermine. Hy rûn foarút rjochting it ekspresjonisme en it surrealisme. Boppedat skildere hy subjektyf. Syn neidruk op in skerpe foargrûn en in dizeniger eftergrûn rint foarút op de keunst fan Manet. Troch de wurken út syn lettere perioade wurdt Goya sjoen as in foarrinner fan de moderne keunst.

De bysûndere styl dêr't er oan de ein fan syn libben skildere wurdt faak apart beneamd. Fjirtjin wurken út dizze tiid stean bekend ûnde de namme de Swarte Skilderijen.

Musea De skilderijen binne ûnder oare te sjen yn: Metropolitan Museum of Art yn New York City Louvre yn Parys Hermitaazje yn Sint-Petersburch Museum of Fine Arts yn Boston National Gallery of Art yn Washington, D.C. Museo del Prado yn Madrid National Gallery yn Londen

Biografyen Goya, fan Lion Feuchtwanger (biografyske roman) Goya, fan Robert Hughes, 2003.

Films It libben fan Goya is yn ferskate film portrettearre: Goya yn Bordeaux Volaverunt Goya's Ghosts

Keppelingen om utens Francisco de Goya's Paintings Francisco Goya op artcyclopedia Web Gallery of Art

Kategory:Spaansk keunstskilder Kategory:Spaansk grafikus Kategory:Spaansk graveur Kategory:Aragoneesk persoan Kategory:Spaansk persoan fan Baskysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1746 Kategory:Persoan stoarn yn 1828