De Golf fan Riga (Letsk: Rīgas Līcis, "Golf fan Riga"; Estysk: Liivi Laht, "Liifske Baai"; Liifsk: Piški Meŗ, "Lytse See") is it part fan de Eastsee tusken de kust fan Letlân, de súdwestkust fan Estlân en it Estyske eilân Saaremaa. It oerflak fan de golf is likernôch 18,000 km². De maksimum djipte is 67 m.
De rivier de Daugava (of Westlike Dvina) mûnet yn dit wetter út: by mûning leit de Letske haadstêd Riga. De Estyske stêd Pärnu is de oare wat gruttere stêd oan de Golf fan Riga. Yn de Golf fan Riga lizze trije ûnbewenne, lytse eilannen, dy't allegear by Estlân hearre: Ruhnu, Kihnu en Abruka.
De Strjitte fan Irbe foarmet de breedste ferbining, mei de rest fan de Eastsee.
Kategory:Wetter yn Letlân Kategory:Wetter yn Estlân Kategory:Binnensee Kategory:Eastsee Kategory:Rânesee fan de Atlantyske Oseaan Kategory:Baai fan de Atlantyske Oseaan