In luitenant-kolonel is in haadofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers. De ekwivalinte rang by de marine is kaptein-luitenant-op-see, wylst yn guon lannen de ekwivalinte rang by de loftmacht wing commander is. Ut histoaryske grûn is de oansprektitel fan in luitenant-kolonel net "kolonel", sa't men ferwachtsje soe, mar "oerste". Ynformeel wurdt dizze rang ek wol as 'oerste' oantsjut, mar yn formeel gebrûk nea. De rang boppe luitenant-kolonel is kolonel, en de ûnderlizzende rang is majoar. Dêrmei is luitenant-kolonel de middelste haadofsiersrang. De term 'luitenant-kolonel' betsjut letterlik "plakferfanger fan 'e kolonel". Yn it Nederlânske leger binne luitenant-kolonels faak bataljonskommandanten.

Skematysk oersjoch Oersjoch fan 'e luitenant-kolonelsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen: lânmacht en mariniers marine loftmacht luitenant-kolonel kaptein-luitenant-op-see luitenant-kolonel of wing commander

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht (oansprektitels kursyf werjûn) Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar) NATO rang OF-4 luitenant-koloneloerste kaptein-luitenant-op-seeoerste(by it Korps Mariniers: luitenant-kolonel) luitenant-koloneloerste luitenant-koloneloerste

Sjoch ek militêre rang ofsier haadofsier list fan militêre rangen fan de Nederlânske kriichsmacht

Kategory:Kolonel Kategory:Militêre rang