thumb|rjochts|Skoutehûs It Skoutehûs is it eardere wenplak fan de skout fan Baarn yn de provinsje Utert. It 19e iuwske hûs fan no stiet oan de Brink op it âlde stee en hat mooglik noch fragminten fan it âlde skoutehûs.
Doe't Baarn yn 1457 opnij befêstige rjochten krige moat oan de Brink al it Skoutehûs stien hawwe dêr't rjocht sprutsen waard. Pas yn 1674 krige Baarn in eigen rjochthûs, (op it plak dêr't no de Hema stiet). Ien fan de skouten wie mr. Smout dy't it hûs yn 1732 ferkocht oan syn opfolger UE.L. Pook fan Baggen. Yn 1740 liet skout Chr. W. Plesman in nije wente njonken de tsjerke sette omdat hy it âlde hûs te ienfâldich fûn. It hjoeddeiske hûs hat in midden-19e iuwsk uterlik en bestiet út twa boulagen.
Kategory:Bouwurk yn Baarn Kategory:Hûs yn Utert (provinsje) Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn de 18e iuw Kategory:Bouwurk út 1740 Kategory:Bouwurk sloopt yn de 19e iuw Kategory:Bouwurk út de 19e iuw