Bornhuysterastate (ek: Bornhuystera of Borndahusen), wie in state dy't fier eastlik fan Boarnwert lei yn de gemeente West-Dongeradiel, yn it eardere doarp Boarnwerterhuzen, mar de krekte lizzing is ûnbekend.

Yn Boarnwerterhuzen wenne yn 1422 de haadling Azeghe to Borndahusen, dy't doe mei oare Skieringer haadlingen, wêr't in diel fan út de omkriten kaam, him oansluet by it ferbûn mei Fokko Ukena. Tagelyk soe Eteke Bornhuystera libbe hawwe, dy't de frou waard fan Feye Eysinga; har âlden hieten Liwa en Eteka. Yn 1511 wienen inkele saten te Boarnwerterhuzen eigendom fan eallju: neist it Kleaster Klaarkamp wienen de wichtichste eigeners Tialling Entes Bolta, de erfgenamten Hania-Tjessens, Bernsck Heslinga, Jeppe Stania, en Lolcke Heslinga tegearre mei Werp Donia. Der binne gjin oanknopingspunten om it hûs fan Azeghe yn 1422 mei ien fan dy saten te identifisearjen.

It hûs fan Eteke Bornhuystera soe de sate wêze kinne dêr't yn 1511 Lolcke Heslinga en Werp Donia eigner fan wienen. Se wienen nammentlik elk mei in pakesizzer fan Eteke troud (Ayl en Frau Juwsma fan Rinsumageast). Dy sate soe it âlde hûs fan de family Bornhuystera west hawwe kinne.

Eigeners/bewenners 1422 Azeghe to Borndahusen 1511 Lolcke Heslinga en Werp Donia

Kategory:State Kategory:Boarnwert Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Dongeradiel Kategory:Stins of state yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn de 16e iuw