Johanna Francina Zandstra-Giezen (Ljouwert, 7 septimber 1882 – Den Haach, 16 septimber 1993) wie fan 5 maart 1991 de âldste noch libjende ynwenner fan Nederlân, nei it ferstjerren fan Trijntje Jansma-Boskma. Sy hat dizze 'titel' 2 jier en 195 dagen droegen.

Zandstra-Giezen stoar yn de âldens fan 111 jier en 9 dagen. Op har lêste jierdei - hja moast doe al op bêd bliuwe - krige hja noch in flesse eau-de-cologne fan de Haachske boargemaster Ad Havermans. Har opfolger wie Ann Flower. Sjoch ek List fan âldste Friezen

Kategory:Frysk húsfrou Kategory:Nederlânsk húsfrou Kategory:Aldste persoan fan Nederlân Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1882 Kategory:Persoan stoarn yn 1993