Willem (Wim) Ruska (Amsterdam, 29 augustus 1940 – Hoarn, 14 febrewaris 2015) wie in Nederlânske judoka. Hy wurdt troch in soad minsken as de bêste judoka dy't Nederlân ea hân hat beskôge.
Karriêre thumb|left|200px|Judokampioenskippen 1972 yn de Vliegermolen yn Voorburg. Wim Ruska wint de heale finale foar alle kategoryen fan Kutznetzof (USSR) en de finale fan Onashvili (USSR) Ruska wûn twa Olympyske titels, twa wrâldtitels (1967 en 1971), sân Europeeske titels en waard ferkate kearen Nederlânsk kampioen.
Ruska syn grutte prestaasjes by de Olympyske Simmerspullen 1972 yn München, dêr't er yn it swiergewicht en alle kategoryen it goud helle, hawwe him net sa'n protte bekendheid opsmiten. De spullen yn München binne altyd yn it skaad bleaun fan it omtinken foar de oanslach op de Israelyske ploech, dy't koart dêrfoar bard wie.
Yn 2001 krige Ruska in harsenynfarkt. Hy rekke dêrtroch foar in part ferlamme en syn spraakfermogen gie ek foar in grut part ferlern.
Yn 2013 waard Ruska troch de ynternasjonale judofederaasje (IJF) yn de Hall of Fame opnaam. Ruska stoar yn 2015 mei 74 jier.Wim Ruska overleden, NOS (14 februari 2015)Judolegende Wim Ruska (74) overleden - ‘verlies judowereld’, NRC Handelsblad (14 febrewaris 2015)
Ferneaming Yn maart 2017 waard op it Sportsintrum Papendal yn Arnhim in nije judohal iepene dy't nei Ruska neamd is.Nederlands topjudo voortaan in Ruskahal NOS.nl d.d. 8 maart 2017
Literatuer Wim Koesen, Ruska: Triomf En Tragiek Van Een Judokampioen, Utjouwerij Thomas Rap, 2011, ISBN 9789400403314
Keppelings om utens Offisjele Wim Ruska hiemside Wim Ruska yn de Earegalery fan Holland Sport Judo Resultaten fan Willem Ruska
Fideomateriaal Willem Ruska (NED) - Vitali Kuznetsov (RUS) 1972 Olympyske Spullen yn München Klaus Glahn (GER) - Willem Ruska (NED) 1972 Olympyske Spullen yn München Willem Ruska (NED) - Givi Onashvili (RUS) 1972 Europeeske Kampioenskippen yn Voorburg Judodemonstraasje Willem Ruska Willem Ruska tsjin in berneteam
Kategory:Nederlânsk judoka Kategory:Nederlânsk wrakselder Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Nederlânsk judotrainer Kategory:Persoan berne yn 1940 Kategory:Persoan stoarn yn 2015