Liauckamastate of Liauckemastate wie in state benoarden de doarpen Pitersbierrum en Seisbierrum yn it eardere Barradiel.

It wie ien fan 'e grutste states fan Fryslân en waard bewenne troch leden fan it ferneamde skaai Liauckama. Liauckamastate waard foar it earst yn 1420 neamd. De eigentlike state, dy't nei alle gedachten in trettjinde-iuwske kearn hie, waard yn 1824 ôfbrutsen. Dêrfan binne inkeld de grêften, in singel en de monumintale poarte út 1604 oerbleaun. Nei de ôfbraak waard it terrein yn 1838 ferkocht, wêrnei't der yn 1862 in pleats fan giele Fryske stien set waard. Fierders steane op it terrein fan 'e oarspronklike state ek in arbeidershúske út 'e njoggentjinde iuw en in modern wenhûs. Sawol de âlde poarte as de njoggentjinde-iuwske pleats binne erkend as ryksmonumint. De pleats is omboud ta in hotel-restaurant.

Pipenpoyske brulloft thumb|left|250px|Pipenpoyske brulloft Op Liauckemastate hongen oan it begjin fan de 19e iuw skilderijen, dy't yn de literatuer Pipenpoyse bruiloft neamd wurde. Der wurdt tocht dat it foarstellingen wiene fan de boask fan Jel fan Liauckema en Ereart fan Pipenpoy yn 1616. Nei de sloop fan Liauckema ferdwûnen de skilderijen, útsein de twa doeken dy't yn 1964 oan it Frysk Museum skonken waarden.<ref>[https://books.google.nl/books?id=qQs9DQAAQBAJ&pg=PA81&lpg=PA81&dq=Pipenpoyse+bruiloft&source=bl&ots=dMpWAG6_gx&sig=D631K2QnfVRMbTN-NTzz0kRUjf8&hl=nl&sa=X&ved=2ahUKEwi1s_nOuNTcAhWEmLQKHelaBFQQ6AEwCnoECAQQAQ#v=onepage&q=Pipenpoyse%20bruiloft&f=false Henk Oly, Geart de Vries (redaksje), Leeuwarden yn de Gouden Eeuw]</ref> Yn 2012/2013 liet it Frysk Museum de skilderijen restaurearje troch de Stichting Restauratie Atelier Limburg'' (SRAL) yn Maastricht Pipenpoyse Bruiloft Sexbierum gerestaureerd in Maastricht

Bewenners ± 1097 Sicco Liauckama en Eelco Liauckama (neven fan elkoar) - 1332 abt Eelco Liauckama 1398 - 1420 Schelte Liauckama en syn frou Ebil Hibbema (of Hobbema) 1420 - 1479 Schelte Liauckama (II) 'de âlde' 1479 - 1503 Schelte (III) Liauckama 1503 - 1535 Epo fan Liauckama 1535 - 1574 Schelte fan Liauckama 1579 - 1599 Sjouck fan Liauckama, troud mei Homme fan Camstra 1599 - 1618 Tjallingh fan Camstra 1618 - 1642 Jarich fan Liauckama 1642 - 1650 Jel (Juliana) fan Liauckama, troud mei Eraert fan Pipenpoy hear fan Merchten 1650 - 1670 Sophia Anna fan Pipenpoy, frijfrou fan Merchten, fan der Poort, ensfh. 1670 - 1702 Alexander Josephus fan der Laen en Merchten 1702 - 1724 Alexander Josephus fan der Laen en Merchten 1724 - 1787 Maria Christina baronesse fan der Laen fan Liauckama, troud mei Ernst fan Ewsum 1787 - 1800 Maria Walburgia Electa fan Ewsum (stjert sûnder bern) 1800 - 1842 Jhr. Ernestus Jodocus Rudolphus fan Grotenhuis fan Onstein. De state wurdt yn 1824 ôfbrutsen 1842 - 1947 famylje Hanekuyk 1947 - 1979 Rients Bruinsma 1979 - frou Rietveld út Woerden 1986 - Gosse Bloem út Woerden

Ofbylden

Kategory:State Kategory:Seisbierrum Kategory:Pitersbierrum Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn 1824 Kategory:Bouwurk út 1604 Kategory:Bouwurk út 1862 Kategory:Stins of state yn De Waadhoeke Kategory:Ryksmonumint yn De Waadhoeke Kategory:Fryske hoarekagelegenheid Kategory:Pleats yn Fryslân Kategory:Bedriuw mei ûnbekend jier fan oprjochting Kategory:Bedriuw oprjochte yn de 20e iuw Kategory:Stins of state yn Frjentsjerteradiel Kategory:Ryksmonumint yn Frjentsjerteradiel