De lytse seachbek is in 42 sm lytse ein út de famylje fan de einfûgels. De fûgel is besibbe oan de rinkelein. Se kinne sels meiinoar jongen krije, hoewol dy net fruchtber binne. It mantsje en wyfke fan de lytse seachbek binne goed fan inoar te ûnderskieden. It mantsje is wyt mei fine swarte streken. It wyfke is meast griis mei in brune kop en liket wol op it wyfke fan de rinkelein.

Fersprieding De lytse seachbek komt foar yn hiel Jeraazje yn de nuddelbosken súdlik fan de Poalsirkel. Yn de hjerst ferlit de fûgel syn briedgebiet en oerwintert meast yn West-Jeropa, by de Swarte See en de Kaspyske See. Ek yn Nederlân binne se by winterdei wol te sjen.

Iten De lytse seachbek yt winterdeis foaral lytse fisken. Simmers ite se meast wetterynsekten. Mar de lytse seachbek yt dan ek wol kreeften, wjirms en wetterplanten.

Fuortplanting De lytse seachbek is in hoalebrieder. Se briede meast yn beamholten en dêrom is harren briedgebiet ek beheind ta bosken, it leafst by in mar mei in protte fisk of by in rivier. It nêsthol kin wol ferskeidene meters boppe de grûn lizze. De fûgels begjinne heal maaie te brieden. De 6-9 aaien wurde yn sa'n 30 dagen utbred. Sa'n 24-36 oeren nei it útkommen springe de jongen út it nest nei ûnderen. Nei in wike as sân kinne de jongen harren sels rêde.

Sjoch ek List fan fûgels

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Einfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Swarte See Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaspyske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Japanske See Kategory:Lânseigen fauna yn de See fan Ochotsk Kategory:Lânseigen fauna yn de Beringsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan