Luik (Frânsk en offisjeel: Liège; Waalsk: Lidje; Nederlânsk: Luik) is de haadstêd fan 'e Belgyske provinsje Luik (Liège) en it Luik. Gemeente Luik hat goed 195.000 ynwenners (2025) en in oerflakte fan likernôch 69 km².
Geografy De stêd leit yn it gebiet dêr't de heger lizzende Ardinnen oergeane yn 'e heuveleftige Haspengoa (Frânsk: Hesbaye), op it plak dêr't de rivier de Ourthe útmûnet yn 'e Maas. Troch de stêd streame hjoed-de-dei twa rivierearmen fan 'e Maas: de Maas en de foar in part keunstmjittige Dérivation (it ôfwetteringskanaal Luik), mei dêrtuskenyn it stedsdiel Outremeuse. Om it histoaryske sintrum hinne lei noch in rivierearm dy't yn de njoggentjinde iuw tichtsmiten is; dat is hjoed-de-dei noch goed te sjen oan it bochtsjende ferrin fan 'e Boulevard d'Avroy en de Boulevard de la Sauvenière.
De stêd wurdt omfieme troch hichten dy't eins in ûnderdiel foarmje fan it Ardinnenplato, dêr't de Maas en oare rivierkes de dellingen yn útslipe hawwe. De bekendste hichten binne de Sainte-Walburge, dêr't de sitadel fan Luik op stiet, de hichte Publémont (of Mont Saint-Martin) mei de Sint-Martensbasilyk, en de hichte fan Cointe, dêr't in monumintaal bouwurk út de tiid nei de Earste Wrâldkriich stiet en dat fanút grutte dielen fan 'e stêd te sjen is.
Dielgemeenten
# Namme Opp.(km²) Ynwenners(2025) Ynw./km² NIS-koade 1 Luik 27,94 116.855 4.183 62063A-B-J-M 2 Wandre 4,30 6.148 1.429 62063C 3 Jupille-sur-Meuse 5,79 11.023 1.903 62063D 4 Bressoux 2,02 12.281 6.073 62063E 5 Grivegnée 4,79 21.098 4.408 62063F 6 Chênée 3,28 9.024 2.754 62063G 7 Angleur 15,02 10.636 708 62063H 8 Glain 1,23 2.849 2.308 62063K 9 Rocourt 4,28 7.308 1.709 62063L
Befolking Demografyske ûntwikkeling fan Luik oant de gemeentefúzje + Befolkingsûntwikkeling fan de âlde gemeente Luik (1831–1976: foar de fúzje) Jier 1831 1846 1856 1866 1880 1890 1900 Ynwennertal 58.752 75.961 89.411 99.129 123.131 147.660 157.760 Groei — +29,3% +17,7% +10,9% +24,2% +19,9% +6,8% Jier 1910 1920 1930 1947 1961 1970 1976 Ynwennertal 167.521 163.298 165.631 156.208 153.240 145.573 135.347 Groei +6,2% -2,5% +1,4% -5,7% -1,9% -5,0% -7,0% Demografyske ûntwikkeling fan 'e fúzjegemeente Alle histoaryske gegevens binne op 'e hjoeddeiske gemeente fan tapassing, ynklusyf dielgebieten, lykas dy ûntstie nei de fúzje fan 1 jannewaris 1977.
+ Befolkingsûntwikkeling fan de fúzjegemeente Luik (1831–2025)* Jier 1831 1846 1856 1866 1880 1890 1900 1910 1920 1930 Ynwennertal 68.779 89.943 106.075 118.772 152.837 185.727 206.384 228.887 226.356 235.948 Groei — +30,8% +17,9% +12,0% +28,7% +21,5% +11,1% +10,9% -1,1% +4,2% Jier 1947 1961 1970 1981 1990 2000 2010 2020 2025 Ynwennertal 231.502 239.933 242.986 214.119 196.825 185.639 192.504 197.217 197.323 Groei -1,9% +3,6% +1,3% -11,9% -8,1% -5,7% +3,7% +2,5% +0,1% * Sifers foar 1977 oer it hiele grûngebiet fan de hjoeddeistige fúzjegemeente. Tusken 1970 en 2000 wie der sprake fan in grutte krimp fan 'e befolking troch de de-yndustrialisaasje en de flecht fan ynwenners nei de foarstêden. It ynwennertal fan 'e stêdekloft sakke yn tritich jier fan hast 243.000 nei goed 185.000 ynwenners. Tusken 2000 en 2025 groeide it oantal ynwenners wer rjochting 200.000.
Boarnen: NIS en Stad Luik - Opm: 1806 o/m 1970=folkstellingen; fanôf 1977= ynwennertal 1 jannewaris; 1927: Bressoux, Jupille, Herstal en Wandre komme by Luik 1977: Angleur, Bressoux, Chênée, Glain, Grivegnée, Jupille-sur-Meuse, Rocourt en Wandre en gebietsdielen fan Ans, Chaudfontaine, Herstal, Seraing, Saint-Nicolas, Esneux en Juprelle derby; oare dielen komme by Chaudfontaine, Blegny, Wezet en Oupeye
Keppeling om utens Offisjele webstee gemeente Luik
Kategory:Plak yn Luik (provinsje) Kategory:Gemeente yn Luik (provinsje) Kategory:Waalske provinsjehaadstêd