Rienk Ulbesz is in skûtsje dat foar Ljouwert meidocht oan it SKS-skûtsjesilen. De bemanning fan it Ljouwerter Skûtsje ûntdekte it hjoeddeiske skip yn Amsterdam, dêr't t as wenboat lei. It skip is neamd nei skûtsjeskipper Ulbe Zwaga en syn soan Rienk. Eigener fan iet skûtsje is de Stichting Ljouwerter Skûtsje. Oan de Ljouwerter stedsgrêft is it by't winter feestlik ferljochte. De liuw as seilteken komt fan it Ljouwerter stêdswapen.

Ljouwert nimt sûnt 1963 mei in eigen skip diel oan it SKS skûtsjesilen. Nei ferskate wikselingen fan skipper kaam Rienk Ulbesz Zwaga oan it roer te stean. Hy wie earder kampioen wurden mei de skûtsjes fan Langwar en de Súdwesthoeke. Yn 1986 koften de Ljouwerters in nij skip, dat neamd waard nei Rienk’s heit, Ulbe Zwaga, dy t yn 1985 ferstoarn wie. Mei dit skûtsje behellen de Ljouwerters wikseljende resultaten.

Yn 1992 waard der wer in nij skûtsje oanskaft. It wie de bedoeling dat Rienk Zwaga mei dit nije skip sile soe, mar hy ferstoar foardat it skûtsjesilen begong. Hy waard ferfong troch syn broer Lammert Zwaga. It nije skûtsje, yn 1914 boud op de Skipwerf De Piip yn Drachten, krige de namme “Rienk Ulbesz”.

Yn 1995 waard Rienk syn soan Ulbe Rienksz Zwaga de nije skipper. Dy behelle yn 1998 en 1999 de alderearste kampioenskippen fan it Ljouwerter skûtsje. Troch swierrichheden mei it bestjoer waard er earst foar trije jier útsletten en dêrnei hat er him weromlutsen.. Yn 2017 waard Willem Zwaga (in soan fan Ulbe Rienksz) de nije skipper.

Skûtsjes 1963-1978 : Op Hoop van Zegen 1979-1985 : De Nieuwe Zorg 1986-1991 : Ulbe Zwaga sûnt 1992 : Rienk Ulbesz. Skippers 1963-1964 : Siete Meeter 1965-1970 : Sietse Tjittesz. Brouwer 1971-1984 : Albert van Akker 1985-1991 : Rienk Ulbesz. Zwaga 1992-1994 : Lammert Ulbesz. Zwaga 1995-2002 : Ulbe Rienksz. Zwaga 2003-2005 : Evert (Epie) van der Pol 2006: Ulbe Rienkszn. Zwaga 2007-2012 : Jappie Meeter 2013-2016 : Siete Ezn. Meeter 2017 - no: Willem Ulbesz Zwaga

SKS kampioen Oantal || bgcolor=ffd700 |Skipper '''Kampioen yn   2 Ulbe Rienks Zwaga 1998 - 1999

Keppeling om utens Webstee Ljouwerter skûtsje Webstee fan de SKS Skûtsjehistoarje

Kategory:Kultuer yn Ljouwert Kategory:Nederlânsk skûtsje Kategory:Skip út 1915