Pier Prins (Sibrandahûs 27 maart 1920 - Dokkum, 16 septimber 2012)Overlijdenbericht Pier Prins wie de oprjochter fan Prins Dokkum.

Hy begûn yn 1940 yn in pleats om lânbouwurktugen te ûntwikkeljen. Syn hier betelle hy troch te helpen by it melken. Yn de fyftiger jierren betocht er in stielen tsjil dy't er levere oan DAF. It stiel brûkte er letter foar goaten en profilen yn de glêstúnbou (1987). Letter waarden ek fangrails makke en oare ferkearsfeilichheidssystemen.

Yn Dokkum is de Pier Prinsleane nei him neamd.

Kategory:Frysk boer Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Frysk útfiner Kategory:Persoan berne yn Sibrandahûs Kategory:Persoan stoarn yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1920 Kategory:Persoan stoarn yn 2012