thumb|right|By Doanjum De provinsjale wei 384 of N384 is in provinsjale wei fan 24,8 km yn Fryslân. De wei foarmet in ferbining tusken de N393 by Tsjummearum en de N354 by Dearsum. De N384 waard foar it meastepart yn 'e sechtiger jierren oanlein, mar it trasee tusken Frjentsjer en Winsum waard pas yn 'e midden fan de jierren santich nij oanlein en yn 1977 iepene. Benoarden Frjentsjer slút de wei oan op de A31 rjochting Harns en Ljouwert.
De wei is útfierd as twastrooks-gebietsûntslutingswei mei bûten de beboude kom in maksimumfaasje fan 80 km/o. Yn de gemeente Waadhoeke hjit de wei efterienfolgens Kade, Hegesylsterwei, Tsjummearumerwei, Frjentsjerterwei, Boargemaster J Dijkstrawei, Lutje Lollumerwei en Suderpolderwei. Yn de gemeente Súdwest-Fryslân hjit de dyk Froonackerdyk en Harstawei.
384 Kategory:Wei yn Fryslân Kategory:Bouwurk út 1977 Kategory:Geografy fan Barradiel Kategory:Geografy fan Frjentsjerteradiel (oant 1984) Kategory:Geografy fan Frjentsjer (gemeente) Kategory:Geografy fan Frjentsjerteradiel Kategory:Geografy fan De Waadhoeke Kategory:Geografy fan Hinnaarderadiel Kategory:Geografy fan Baarderadiel Kategory:Geografy fan Littenseradiel Kategory:Geografy fan Ljouwert (gemeente) Kategory:Geografy fan Súdwest-Fryslân Kategory:Geografy fan Raerderhim Kategory:Geografy fan Boarnsterhim