Oldersum is in doarp (Ortsteil) yn de Dútske gemeente Moormerland yn East-Fryslân. It doarp leit oan de noardouwer fan de Iems, tusken Lier en Emden. It doarp is ûntstien op in wier, yn Dútslân Warft neamd. Histoarysk lei Oldersum oan de grins fan de streek Krummhörn.

Skiednis Namme Oldersum betsjut "âld hiem" en hat lykas in soad plakken yn East-Fryslân, Grinslân en Westerlauwersk Fryslân de útgong -um, ôfkomstich fan it Aldfryske hem (hiem). It plak wurdt pas yn april 1381 foar it earst yn dokuminten neamd, doe't ridder Ocko, heer van Broecmerlant (Brokmerlân) ende van Avrkerland (Auwerkerlân - Ocko I tom Brok) syn lânguod yn East-Fryslân oan hartoch Albrecht fan Beieren oerdroech en as lienguod weromkrige, wêrûnder twee burghe in Oldersem (twa boargen yn Oldersum). De namme sels en it feit dat der gjin earder neamen yn dokuminten te finen is (bygelyks yn oarkonden fan kleaster Werden, dêr't ek de lytsere neiere plakken gandersum en Rorichum yn neamd waarden) is nijsgjirrich en ûnderstreket it belang en âlderdom fan it plak.

Terpfoarm en boaiem Oldersum ûntstie mooglik yn 'e 8e iuw op in langhalige terp fanwegen de geunstige lizzing neffens de transportrûtes en de strategyske lokaasje en fanwegen de geunstige ekonomyske omstannichheden op it fruchtbere rivierklaai fan 'e Iems. Oldersum is in klasyk foarbyld fan in langhalige terp, mei oan iene kant de tsjerke en oare kant in stins, de Boarch Oldersum. Op 'e top fan 'e terp rint in dyk, likernôch 3,5 km boppe seenivo, de eardere Kirchstraße, hjoed-de-dei Am Großen Tief, likernuch yn noard-súdrjochting, fan de tsjerke nei it eardere merkplein. By de Kirchstraße del stiene oant mid 20e iuw ticht opinoar steande lytse wen- en bedriuwsgebouwen, en bylâns ferskate dwersstrjitten ek gruttere pleatsen. It heechste punt fan de terp, op 4,3 meter hichte, stiet de tsjerke fan Oldersum. Gerslân om it doarp hinne, de Hammrich (himrik) neamd, lizze op seenivo.

Untwikkeling fan 'e delsetting Der is net in soad bekend oer de tiid dêr't it plak yn stifte waard, om't der oant no ta gjin opgravings yn it gebiet fan 'e terpen west hawwe. It is mooglik dat der al foar it Folkeferfarren in terp bestie en bewenne wie. Ek de kolaasje fan de twadde boarch, dy't yn it gebiet "Tuitjenbült" stean hawwe soe, is noch net folslein fêststeld.

Om it jier 1000 hinne setet it bouwen fan diken útein oan de Noardseekust en by de mûnings fan de rivieren en streamen, dy't om 1300 foltôge wiene. fan dat stuit ôf waard it ôfwetterjen regele oer de Tief, in natuerlike ôfwetteringsfeart, en waard de beskerming tsjin heechwetetr en stoarmfloeden regele mei in [syl]], fjouwerkante en automatyske wettertrochlitten. Yn 'e rin fan 'e tiid en mei it each op 'e skipfeart waard de syl ferskate kearen ferpleatst en waard dy hieltyd mear kompleks en begûn dy hieltyd mear te kostjen.

Nei't foar it oanlizzen fan diken ek leger lizzende gebieten beboud wurde koene, waard eastlik fan de terp in nij plak boud. Yn 'e fruchtbere legere lizzende gebieten lizze grutte en âlde pleatsen. Monnikeborgum (Mûntseboarch) wie oant de Sekularisaasje yn 'e tiid fan de Reformaasje in eardere bûtenpleats fan it kleaster Ihlow.

Hearlikheid Oldersum Oldersum en omkriten foarmen in eigen hearlikheid dy't behearske waard troch de haadlingefamylje dy't him nei it doarp fan Oldersum neamde. Binnen de hearlikheid hie it doarp de status fan flekke. Oldersum hearde foar in tiid ta de haadlingefamylje Tom Brok, fan 1427 ôf oan de haadlingen Fokko Ukena en syn soan Uko Fokkena út Neermoor. Yn 1433 grypte in Hamboarger striidmacht yn Eastfryslân om de Likedielers oan te pakken dy't dêr domisylje hiene. By de fjildtochten waarden alletwa boargen yn Oldersum ferwoaste, dêr't der ien fan weropboud waard. Yn 1438 waard Wiard Haiken de nije hear en haadling fan Oldersum. Syn neiteam regearreb oant 1631 oer it hearlikheid Oldersum. De hearlikheid waard yn 1631 ferkocht oan de stêd Emden, dy't it dêrmei foar it sizzen krige. Yn 1744 waard Oldersum, mank mei it gânse greefskip Eastfryslân part fan Prusen.

Oldersum hie as flekke de status fan merkplak en wie dus in gemeente mei meardere, dochs net alle, stedske rjochten, en wie foar in grut part ûnôfhinklik fan it Eastfryske greefskip. Njonken Oldersum, bestie de hearlikheid út de plakken Gandersum, Rorichum, Tergast en Simonswolde. Yn 1840 waarden de plakken gemeenten mei in boargemaster oan it haad.

Lettere ûntjouwings Oan it begjin fan 'e 20e iuw kaam der mear bebouwing yn Oldersum. Earst guon filla's fan gegoede boargers oan 'e Bahnhofstraße, dêrnei lytsere wenten oan 'e Auricher Landstraße (1926) en oan de Tergaster Straße (1935). Nei de Twadde Wrâldkriich waard it beboude gebiet tige útwreide.

Bestjoerlike yndieling Op 1 oktober 1932 gie der in wet yn wurking oangeande bestjoerlike herfoarming: ferskate gemeenten eastlik fan Emden, lykas Oldersum, en it distrikt Weener waarden opnommen yn 'e nije lânkring Lier.

Op 28 septimber 1972 spriek de gemeenteried fan Oldersum him nei in lange diskusje út foar it oansluten by de nij op te rjochtsjen gemeente Moormerland. Fjouwer riedsleden stimden foar oansluting by de gemeente Emden. Op 1 jannewaris wie de weryndieling wiermakke.

Nijsgjirrich Hast alle wichtige gebouwen út 'e warbere skiednis fan Oldersum waarden yn 'e ôfrûne iuw ferneatige. De tsjerke wie it slachtoffer fan in brân, de oare gebouwen, lykas de boarch, de mûne, it stasjon en in soad boargerhuzen waarden "bûten gebrûk steld", rekken yn it neigean en waarden lang om let sloopt of stiene yn it paad fan útwreidins fan ferkearswegen.

Oldersum waard ek ferneamd om it Oldersumer Kollokwium, dat de oanset joech ta de Reformaasje yn East-Fryslân.

Tsjerken thumb|Tsjerke fan Oldersum thumb|Heimatstube "Klottjehus" (eardere Baptistetsjerke) Tsjerke fan Oldersum Om 1400 hinne waard op it heechste punt fan 'e terp in goatyske stiennen ienskippige tsjerke boud, mooglik as ferfanging fan in âldere houten tsjerke. Yn 1526 wie dêr yn it ramt fan de Reformaasje, it foar de Eastfryske tsjerkeskiednis wichtige Oldersumer Kollokwium. Sûnt is fierwei it grutste part fan 'e hearlikheid Oldersum protestantsk-grifformeard. Yn 'e tsjerke wie in grêfkelder fan 'e Oldersumer haadlingen, in earste oargel dy't mooglik om 1450 hinne boud waard. Yn 1580 hie de tsjerke mooglik in sipelfoarmeige toer, dy't yn 1633 ta achtkantige spits omboud waard. Yn 1796 waard i nij oargel fan Johann Friedrich Wenthin fan Emden boud. De âlde tsjerke fan Oldersum baarnde yn 'e nacht fan 8 op 9 jannewaris 1916 folslein ôf as gefolch fan in technysk defekt en waard noch itselde jiers ôfbrutsen, mei de toer ynbegrepen, de saneamde "skeve toer fan Oldersum". Ek it Wenthin-oargel, de preekstoel en tsjerkebanken waarden ferneatige.

Nei in oergongsperioade mei tsjerketsjinsten yn 'e seal fan Hotel Brand waard yn 1921/1922 in nije tsjerke boud, mei nije preekstoel en banken. Yn 1925/1926 waard in galery ynboud, yn 1927 waard in koperen kroanluchter kocht en yn 1935 waard in oargel fan Friedrich Klassmeier út Lemgo oanboud. De tsjerke krige pas yn 1956 in aparte klokketoer, ne't der tydlik in houten klokketoer brûkt waard. Yn 'e toer binne der trije klokken. Yn 1965 krige de tesjerke in oargel fan Karl Schuke út Berlyn, dat in 2004 ferfongen waard troch in ynstrumint fan oargelbouwer Jürgen Ahrend út Loga.

Oare tsjerken Yn 1461 wurdt yn Monnikeborgum, in foarwurk fan it kleaster Ihlow, in kapel neamd. Yn 1954 waard oan de Heereweg in roomsk-katolike tsjerke boud foar de flechtlingen út 'e Dútske eastgebieten. Oant nei de Twadde Wrâldkriich wie der ek in baptistetsjerke yn Oldersum, dy't hjoed-de-dei tsjinnet as Klottjehus fan 'e feriening fan 'e pleatslike skiednis.

Wapen 70px|left Blazoenearring: "Yn goud (giel) boppe in blauwe weagjende skyldfoet in reade syl mei iepene sulveren (wite) slûsdoarren, mei dêrboppe yn in swevend blau skyld (2:1) gouden (giele) leeljes." Motivearring: It troch Ebo Pannenborg ûntwurpen wapen waard op 13 septimber troch de gûverneur yn Auwerk goedkard. It leeljeskyld is it wapen fan de haadlingen fan Oldersum. De iepen syl boppe de weagen symbolisearret oan iene kant de Oldersum Sieltief en oan oar kant it belang fan 'e syl en it gemaal foar de omkriten.

Befolkingsferrin 1600 1751 1808 1842 1855 1910 1939 1950 1961 1970 1973 2007 2016 ±800¹ 706 840 990 1110 1170 1291 1902² 1643 1595 1600 1565 1533 ¹ in rûzing ² wêrûnder 397 ferdreaune Dútsers út 'e Eastgebieten

Ekonomy en ferkear Oldersum hat in lytse haven oan 'e Iems, dy't foar de plesierfeart en frachtskipfeart tsjinnet. Der is ek in lytse skipswerf yn it doarp.

Troch Oldersum rint in spoarline, de yn 1854 iepene spoarline fan Rheine nei Emden, mar dêr stopje gjin passazjierstreinen mear. Oldersum hat wol in stasjon, mar dat is in ranzjearstasjon. Passazjiertreinen en frachttreinen meie dêr net stopje.

Olderum is oer de A31 te berikken oer de ôfrit "Riepe".

Sjoch ek Oldersum is ek de namme fan in eardere wier by Ten Post yn Grinslân.

Keppelings om utens Hiemside fan 'e gemeente Moormerland Beskriuwing fan Oldersum yn 'e doarpebeskriuwing fan it Ostfriesische Landschaft Oldersum yn 'e 20e iuw Skiednis fan de Joaden yn Oldersum Joadske genealogyen (Oldersum)

Kategory:Moormerland Kategory:Plak yn Lier (distrikt) Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1973