thumb|250px|Banning sprekt op in gearkomst fan de Vrijzinng Christelijke Studenten Bond (VCSB) (1911) Willem Banning (Makkum, 21 febrewaris 1888 – Driebergen, 7 jannewaris 1971) wie in Nederlânsk ûnderwizer, predikant en letter mei-oprjochter fan de PvdA.

Banning hie in soad gesach yn religieus-sosjalistystke fermiddens; wie partijbestjoerder en mei-oprjochter fan de PvdA. Yn 't earstoan wie er ûnderwizer, mar krige letter gelegenheid om teology te studearjen. Willem krige doe kontakt mei it marksisme. Nei syn stúdzje waard er frijsinnich-herfoarme predikant en fan ein jierren 1920 ôf waard er foaroanman fan de religieus-sosjalistyske beweging yn Nederlân en ek heechlearaar yn Leien. Hy wie partijbestjoerder fan de SDAP en foaroansteand pasifist. Yn syn ynternearring yn it gizelderskamp Sint-Michielsgestel, fan maaie 1942 oant desimber 1943, wie er ien fan de saneamde Heeren Zeventien. Nei de befrijding waard er warber yn de Nederlânske Folksbeweging en foarsitter fan het oprjochtingskongres fan de PvdA.

Literatuer thumb|Banning (links) by de útrikking fan de Albert Schweitzerpriis (1963) Banning als denker, Utett : De Ploeg, 1988, ISBN 90-6584-051-6 Willem Banning, 1888-1971 : leven en werken van een religieus socialist, Amersfoart : De Horstink, 1988, ISBN 90-6184-336-7.

Keppelings om utens Dr. W. (Willem) Banning, Parlement & Politiek Banning, Willem (1888-1971), Biografysk Wurdboek fan Nederlân Banning, Willem, Biografysk Wurdboek fan it Sosjalisme en de Arbeidersbeweging yn Nederlân Oersjoch fan syn wurk, Keninklike Bibleteek

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk predikant Kategory:Frysk teolooch Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Frysk pasifist Kategory:Frysk misdieslachtoffer Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Nederlânsk teolooch Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:SDAP-politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk pasifist Kategory:Oerlibbene fan in nazy-konsintraasjekamp Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Makkum Kategory:Persoan berne yn 1888 Kategory:Persoan stoarn yn 1971