Terp en Sté wie in stifting yn Ternaard mei as doel it befoarderjen en ynstânhâlden fan ûnreplik guod fan lânskiplik of histoaryske wearde yn Noardeast-Fryslân.
Troch syn aktiviteit waard in beslissing fan de minister fan Lânbou befoardere, dat pleatsen op de Monumintelist of dêrmei lyksteld, net mear publyklik ferkocht waarden mar by ynskriuwing. It Ryk hat dêrnei oerlis mei de belutsen gemeenten. Dy beslissing is lanlik, mar de ynset derfan foarme de takomst fan De Poartepleats yn Waaksens, sadat it fuortbestean fan dy pleats fersekere wie.
Kategory:Ternaard Kategory:Fryske stifting Kategory:Fryske kulturele organisaasje Kategory:Organisaasje mei ûnbekend jier fan oprjochting Kategory:Organisaasje oprjochte yn de 20e iuw Kategory:Organisaasje mei ûnbekend jier fan opheffing Kategory:Organisaasje opheft yn de 21e iuw