thumb|Twadde nasjonale itensiederswedstriid foar húshâldskoallen yn de Houtrusthallen yn De Haach (1954) De húshâldskoalle wie in skoaltype yn Nederlân en Flaanderen. Yn Nederlân hiet dizze skoalsoarte op it lêst offisjeel de Legere Húshâld- en Niverheidsskoalle (Nederlânsk: Lagere Huishoud- en Nijverheidsschool, LHNO). Yn de stêden wiene yndustry- en húshâldskoallen, op it plattelân lânbou-húshâldskoallen.Buro De Vries, 17 febrewaris 2019
De Nederlânske húshâldskoalle of itensierdersskoalle hearde ta it leger beropsûnderwiis en late op foar húshâldster of tsjinstfaam of woe froulju tariede op harren klassike rol as húsfrou. Op dizze skoallen learden allinnich famkes itensieden, húshâlden, fiedingslear en oare húshâldlike feardichheden sa as it byhâlden fan in húshâldboekje en hantwurkjen.
Skiednis It húshâldûnderwiis is yn 1888 úteinset mei de Haagsche Kookschool. De húshâldskoalle waard ek wol smeulend de spinaazje-akademy of pudding-akademy neamd. Mei de ynfiering fan de mammoetwet fan 1968 krige it de namme Leger Húshâld- en Nijverheidsûnderwiis (LHNU) en is it ek foar jonges tagonklik wurden, dy't oant dan ta allinne nei de Ambachtsskoalle koenen. Yn 1992 is it LHNU mei oare foarmen fan leger beropsûnderwiis opgien yn it tariedend beropsûnderwiis (TBU). Mei it mafû (mavo) en in grut part fan it fuortset spesjaal ûnderwiis waard it tbû yn 1999 gearfoege ta it TMBU (VMBO).
Lykas oare maatskiplike organisaasjes wie ek it húshâldûnderwiis tige ferpyldere. List fan legere húshâldskoallen yn Fryslân Plak Fan Oant Adres Bysûnderheden Akkrum Lange Miente/Feansterdyk Aldeberkeap Wolvegeasterwei Bakkefean 1973 Allardseach Balk 1930 1992 Wilhelminastrjitte https://edepot.wur.nl/458033 Beetstersweach Berltsum 1955 kristlik; nijbou De Fûgelsang yn 1963 Boalsert 1931 1987 Twibaksdyk kristlik niverheidsûnderwiis Nijenhove begûn yn 1931 as naaikursus, groeide út ta in skoalle op trije nivo's mei mear as 500 learlingen ynklusyf in learare-oplieding en in eigen ynternaat.Húshâldskoalle Nijenhove Boalsert: de earste en de bêste? Burgum kristlik ; De Twadde Hikke Dokkum 1940 earste kursussen al yn 1932 Us Hiem neutraal, tusken 1940 en 1957 mei de kristlike húshâldskoalle yn ien gebou oan de Ieleane Dokkum 1940? Wiekslag, Ieleane kristlik Donkerbroek Drachten 1961 1990 Maria Louise Skoalle; 1e Parallelstrjitte / sûnt 1964 Brouwerssingel (kristlik) Droegeham 1956 1988 Slotstrjitte kristlik; Koningin Juliana; Het Anker, yn 1988 fúzje mei mafû Surhústerfean Easterwâlde 1955 lânbou- en húshâldskoalle, fúzje yn 1973 mei LTS Frjentsjer Willem de Swijerleane 7 Historisch Centrum Franeker, Huishoudschool nije fleugel yn 1952 Garyp 1956 Westerein kristlik De Gordyk 1955 1989 Dûbele Strjitte fúzje yn 1968 ga Harmsmaskoalle Harns Julianastrjitte Yndustry- en Húshâldskoalle It Hearrenfean Anjelierstrjitte S.K. Hornstraskoalle, yn 1984 fusearre mei de technyske skoalle De Jouwer 1957 Skien kristlik, lânbouhúshâldskoalle Kollum Eyso de WendtstrJitte Koudum Binnendyk De Lemmer Strjitwei yn 1980 fúzje mei Mulo Ljouwert (1e LHNO) 1906 Skrok earste Ljouwerter Yndustry- en Húshâldskoalle, yn 1983 fusearre mei 2e LHNO ta de Esken Fusie huishoudscholen geeft breder aanbod in afstudeerrichtingen, LC 14 oktober 1982, side 23 Ljouwert (2e LHNO) Speelmanstrjitte 13, Cornelis Trooststrjitte (1964) twadde Ljouwerter Yndustry- en Húshâldskoalle, letter de Wikel Ljouwert (3) 1932 hoeke Ruysch- en Kochstrjitte kristlik; Prinses Marijkeskoalle, begûn oan de Heerestrjitte Mantgum His van Botnialeane Marrum 1956 De Tille kristlik; yn de tachtiger jierren fierder gien as skoallemienskip Noard West Fryslân Mûntsebuorren 1943 earst mei de reidflechtskoalle yn ien gebou Noardwâlde Hoofdstraat earst mei de reidflechtskoalle yn ien gebou Sânhuzen 1962 Sint Anne lânbouhúshâldskoalle ‘Kinkhoorn’ Sint Nyk Snits 1925 Oude Koemarkt 20/Ooievaarslaan 13 Wolvegea 1943 Sickengastrjitte
Kategory:Underwiisfoarm Kategory:Fuortset ûnderwiis Kategory:Beropsûnderwiis Kategory:Yntroduksje út 1888