300px|thumb|De kultueren yn it Midden-Easten om 1200 f.Kr. hinne Fenysje of Fenisië (Latyn: Phoenicia, fan it Aldgryksk: Φοινίκη, Phoiníkē), wie yn de Aldheid de namme fan de fruchtbere kuststripe tusken it Libanonberchtme en de Middellânske See. Fenysje omfieme in oantal selsstannige stêden, wêrûnder Byblos, Beirût, Tyrus, Sidon en Akko, dy't tusken 1200 en 800 f.Kr. harren grutste bloei meimakken. Yn 63 f.Kr. waard it gebiet tegearre mei Syrje by it Imperium Romanum ynlive en waard sadwaande part fan de provinsje Syria.

De bewenners fan Fenysje rekken harren ta de Kanaäniten en wiene besibbe mei de Semityske bewenners fan Palestina. De Fenysjers kamen op de foargrûn nei de ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid om 1150 f.Kr. hinne. Troch de iuwen hinne wienen de Fenysjers de wichtichste frachtferfierders en hannelers fan it Middellânske Seegebiet. Harren betsjutting foar de wrâldskiednis leit yn it feit dat sy oeral by de kust del (oant Cádiz) koloanjes stiften dy't stadichoan selsstannige steaten waarden. De wichtichste Fenisyske koloanje wie Kartago.

Harren meast ferneamde neilittenskip wie it Fenisysk Alfabet dat se oer it Middellânske Seegebiet stjoerd hiene.

Namme De namme "Fenysje" waard nei alle gedachten algemien om't de Griken it folk dêre mei phoiniki (Gryksk Φοινίκη Phoiníkē) oantsjutten. De namme giet faaks tebek op it eardere Lineêr B ponikijo, dat fan de âlde Egyptners oernaam waard dy't Fnkhw foar "Syrjers" brûkten. Om't dat wurd hast itselde hearde as it Grykske wurd φοῖνιξ (phoînix) waard it dêroan synonym, fanwegen de belutsenens fan dat folk mei de ferneamde poarperkleurstof (Tyrysk poarper) troch it fangen en ferwurkjen fan poarperslakken. De Fenysjers wiene ferneamd om harren dadels en kleurstoffen, dêrfan komt it dat de Griken Fenysje "poarperlân" neamden.

De lânseigen namme foar it lân wie 𐤐𐤕 (Pūt) en foar it folk wie 𐤐𐤍𐤉𐤌 (Pōnnim).

Skiednis Der is net in soad fan Fenisysk skriuwen en literatuer oerlevere. Itjinge dat bekend oer harren is, komt fan boarnen om utens, sa as fan oare beskavings, en fan archeologysk ûndersyk

Oarsprong De Kanaänityske kultuer, dêr't de Fenisyske kultuer fan ôfstammet, ûntwikkele himsels yn de kopertiid. Byblos is in archeologysk fynplak fan de iere brûnstiid. De stêd Ugarit is in archeologysk fynplak fan de lette brûnstiid, en wurdt archeologysk sjoen ta Kanaän rekkene, dochs heart de Ugarityske taal net ta de Kanaänityske taalfamylje.

Guon skiedkundigen tinke dat der bewiis is dat de Semiten harren ferspraten oer de Fruchtbere Healmoanne hinne om sa'n 2500 f.Kr. hinne, wylst oaren tinke dat de Fenysjers in mingsel binne fan de eardere net-Semtyske bewenners mei de Semityske nijkommers. Herodotus leaude dat de Fenysjers fan oarsprong út Bachrein ôfkomstich wiene, itjinge de lettere skriuwer Strabo it ek mei iens wie. Genetysk ûndersyk hat lykwols sjen litten dat de Libanezen fan hjoed-de-dei fan in befolking, dy't besibbe oan de Kanaäniten wie, ôfstamje.

Bloeitiid thumb|300px|Fenisyske hannelsrûtes Der waard mear oer Fenysje bekend troch de bemasterings fan it gebiet troch farao Tûtmosis III (1479-1425 f.Kr.). De Egyptners foelen de havenstêden Byblos, Arwad en Ullasa oan om't dy krúsjale ferbinings mei it efterlân (troch de rivieren de Nahr al-Kabir en de Orontes) hiene. Dy stêden joegen Egypte tagong ta de hannel mei Mesopotaamje, en tagong ta in grutte hoemannichte sederhout yn it gebiet. Yn it midden fan de fjirtjinde iuw f.Kr. waarden de Fenisyske stedsteaten fazalsteaten fan Egypte. Tyrus, Sidon, Beirût en Byblos waarden de wichtichste stêden. De Fenysjers hiene in soad autonomy en harren stêden wiene begoed en goed ûntwikkele. Byblos wie de wichtichste stêd bûten Egypte en wie in mulpunt fan it meitsjen fan brûns. Sidon en Tyrus krigen ek in soad belangstelling fan de Egyptners en sa ûntstie der stadichoan in ûnderlinge striid tusken de stêden.

De Amarna brieven neame dat fan 1350 oant 1300 f.Kr. de buorlju fan de Fenysjers, de Amoriten en Hettiten, Fenisyske stêden oanfoelen, benammen yn it noarden. Egypte ferlear syn greep op de kuststripe fan Ugarit, yn noardlik Syrje, oant Byblos yn Mid-Libanon.

Yn it tiidrek fan de ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid, tusken 1200 oant 1150 f.Kr., ferswakken en stoarten de measte beskavings fan dy tiid yn, lykas dy fan de Egyptners, de Hettiten en Myseensk Grikelân. De Fenisyske beskaving oerlibbe dy stoarm en kaam lykwols om 1230 f.Kr. hinne op en ûntjoech him fluch dêrnei. Dat tiidrek wurdt ek wol de "Fenisyske renêssânse" neamd. De Fenysjers waarden de wichtichste hannelers en seemacht yn de omkriten en soene dat foar de folgjende iuwen bliuwe.

Hja waarden de wichtichste hannelers yn it Middellânske Seegebiet en stiften yn de tsiende iuw f.Kr. fannijs de lange hannelsrûte tusken Egypte en Mesopotaamje. Al yn de iere izertiid stiften de Fenysjers havens, warehuzen, merken en delsettings oan de kusten fan it Middellânske Seegebiet en it suden fan it Swarte Seegebiet. Koloanjes waarden stifte op Syprus, Sardynje de Baleären, Sisylje en Malta en oan de kusten fan Noard-Afrika en it Ibearysk skiereilân.

Yn dy tiid waard Tyrus de rykste en machtichste Fenisyske stedsteat, benammen ûnder de hearskippij fan Hiram I (969-936 f.Kr.) en Itobaal I (887-856 f.Kr.). Tyrus wreide syn gebiet út nei it noarden oant Beirût ta, en oermastere syn âlde rivaal Sidon. Ek parten fan Syprus waarden oermastere. Itobaal neamde himsels "kening fan de Sidoanjers" en dy titel waard ek troch syn opfolgers brûkt. Dêrby kaam hast gâns Fenysje ûnder ien hearsker.

Yn de lette izertiid, tusken 750 en 650 f.Kr. wie de Fenisyske skipbou, hannel en kultuer op syn hichtepunt. De Fenisyske ynfloed oer it Grykske "easten" wie frij grut. Harren meast ferhannele produkt wie fijn tekstyl, ornaris kleure mei Tyrysk poarper. De Ilias fan Homearus, dy't yn dy tiid skreaun waard, ferwiisde gauris nei de kwaliteit fan de Fenisyske klean en metalen dingen.

Stifting fan Kartago

Kartago waard stifte troch Fenysjers fan Tyrus, nei alle gedachten as in tuskenstop fan de metaalhannel mei it Ibearysk skiereilân. De namme fan de stêd yn Punysk Qart-Ḥadašt (𐤒𐤓𐤕 𐤇𐤃𐤔𐤕‎), betsjut "Nije Stêd". Guon boarnen, sa as dy fan Filistos fan Sisylje, wolle hawwe dat Kartago om 1215 f.Kr. hinne stifte waard, far de fal fan Troaje. De Grykske skriuwer Timeüs fan Tauromenium, om 300 f.Kr. hinne, oppenearre dat Kartago yn 814 f.Kr. stifte waard, itjinge oannaam wurdt troch de measte hjoeddeistige skiedkundigen. Kartago woeks út ta in multy-etnysk ryk, dat grutte parten fan Noard-Afrika, Sardynje, Sisylje, de Baleären, Malta en súdlik Ibearje omfiemje soe. It ryk waard yn de Punyske Oarloggen (264-146 f.Kr.) troch de Romeinske Republyk ferneatige en Kartago waard dêrnei fannijs opboud as in Romeinske stêd.

Under Assyrje en Babyloanje thumb|Twa brûnzen fragminten fan in Assyryske paleisdoar, dy't in kolleksje fan de Fenisyske stêden Tyrus en Sidon foarstelt De Fenysjers wiene in hannelsmacht mei in smelle stripe lân oan de kust. Dêrtroch wie it lân net grut genôch en hiene se net genôch manlju en foarmje in grut leger. Doe't oanswettende lannen machtiger waarden, kamen de Fenysjers ûnder de hearskippij fan hearskers om utens.

De Assyryske bemastering fan Fenysje sette útein ûnder kening Salmanasser III, dy't yn 858 f.Kr. oan de macht kaam en dy't mei in stikmannich militêre tochten tsjin oanswettende lannen úteinsette. De Fenisyske stedsteaten kamen ûnder syn hearskippij en moasten hege belestings, yn jild, guod, en grûnstoffen, oan him betelje. Ynearsten bleaune se fazalsteaten fan de Assyrjers. Dat feroare ûnder kening Tiglat-Pileser III yn 744 f.Kr. Yn 738 f.Kr. waard it grutste part fan de Levant, mei noardlik Fenysje ynbegrepen, anneksearre. Allinnich Tyrus en Byblos, de machtichste stedsteaten, bleaune as fazalsteaten bestean en bûten streekrjocht Assyrysk bewâld.

Tyrus, Byblos en Sidon kamen yn opstân tsjin de Assyrjers. Yn 721 f.Kr. belegere Sargon II Tyrus en sloech de opstân del. Syn opfolger Sanherib sloech fierdere rebûljes del yn it gebiet. Yn de sânde iuw f.Kr. bleau Sidon de Assyrjers bestriden, mar waard ta einbeslút folslein ferneatige, en syn befolking waard ta slaven makke. Op it plak fan de ruïne waard in nije stêd boud. Oan de ein fan dy iuw rekke it Assyryske Ryk ferswakke troch in stikmannich opstannen, dat ta it ferneatigjen fan harren ryk troch it Medyske Ryk late.

Babyloanje, dat in fazalsteat fan it Assyryske Ryk wie, makke gebrûk fan it neigean fan it Assyryske Ryk en de Babyloanjers stiften al rillegau it Nijbabyloanyske Ryk. De Fenysjers kamen yn ferwar tsjin de Babyloanjers, mar kening Nebûkadnêzer II belegere Tyrus yn 587 f.Kr. trettjin jier lang. Ta einbeslút joech dy him oan de kening oer.

Perzyske tiid thumb|It bouwen fan pontonbrêgen oer it Ksekseskanaal troch Fenysjers yn de Gryksk-Perzyske Oarloggen thumb|Munten fan Straton I fan Sidon yn de Achaimenidyske tiid. Hy stiet efter de Perzyske kening op de striidwein Yn 539 f.Kr. naam Syrus de Grutte, de kening en stifter fan de Achaimeniden, dy't oer it Perzyske Ryk hearsken, Babylon yn. Ek Fenyskje kaam ûnder Perzysk gesach. It grutste part fan de Levant waard troch Syrus yn ien satrapy (provinsje) foarme en dy moasten in jierlikse belesting fan 350 talinten betelje, dat rûchwei de helte fan dy fan Egypte en Lybje wie.

Fenysje waard ferparte yn fjouwer fazalkeninkriken; Sidon, Tyrus, Arwad en Byblos, dy't in reedlik grutte autonomy krigen. Ta tsjinstelling fan oare parten fan it Perzyske Ryk, binne der gjin boarnen bekend dy't oer Perzyske amtners yn de Fenisyske stedsteaten prate. Pleatslike Fenisyske keningen mochten oan de macht bliuwe en waarden deselde rjochten as de Perzyske atrapen jûn, sa as erflike opfolging en it slaan litten fan harren eigen munten.

De Fenysjers wiene in soad wurdich foar it Perzyske Ryk, benammen foar harren kunde yn skipbou en skipfeart. Hja bouden it grutste part fan de Perzyske float yn de Gryksk-Perzyske Oarloggen yn de lette fyfde iuw f.Kr. Fenysjers ûnder Kserkses I bouden it Kserkseskanaal en pontonbrêgen oer dat kanaal, sa't de Perzyske troepen it Grykske fêstelân ynfalle koene. Nettsjinsteande waarden se swier bestraffe troch de Perzyske kening nei't er de Slach by Salamis ferlear en hy beskuldige harren fan leffens en fûn dat se neat wurdich wiene.

Yn it midden fan de fjirde iuw f.Kr. late kening Tennes fan Sidon in mislearre rebûlje tsjin de Perzyske kening Artkserkses III mei help fan de Egyptners. Sidon waard ferneatige en dat late ta it fannijs oplibjen fan Tyrus, dy't de wichtichste Fenisyske stêd waard oant it kommen fan Aleksander de Grutte.

Hellenistyske tiid thumb|De belegering fan Tyrus troch Aleksander de Grutte troch André Castaigne (1898-1899) Fenysje wie ien fan de earste gebieten dy't troch Aleksander de Grutte oermastere waard yn syn militêre tochten yn westlik Aazje. Aleksander syn wichtichste doel yn de Levant wie Tyrus, om't dat de grutste en wichtichste stêd yn de omkriten wie. Tyrus joech him nei in belegering fan sân moanne lang oer, dêr't in soad fan de befolking nei Kartago flechten. Tyrus wegere Aleksander de timpel fan Melkart besykje te litten dat ta it deadzjen fan syn ôffurdigen late. Aleksander liet dêropta twatûzen fan de foaroansteande ynwenners fan de stêd krusigje en in marionet waard as hearsker oer de stêd oansteld. De rêst fan Fenysje kaam folle makliker ûnder Aleksander syn gesach, dêr't Sidon ûnder oaren him freedsum oerjoech.