Klaas Aartsma (folút: Klaas Aart Aartsma Asn.; Berltsum, 4 maart 1838 – dêre, 12 novimber 1874), wie in Frysk muzykûnderwizer en toanielskriuwer.

Aartsma wie in grut foarstanner fan it Fryske folkstoaniel en brocht benammen yn Menaam mei Hermanus Alma en S. Sybouts it selskip Nut en Genoegen ta grutte bloei. Hy skreau neist bydragen yn ferskate Fryske jierboekjes en tydskriften ek in pear toanielstikken. Gerben Colmjon dichte op syn houlik in boaskrym yn it jierboekje Swanneblommen (1866). Aartsma syn soan Aart Aartsma wie letter haadredakteur fan De Hepkema.

Wurk 1857 – Spiksplinternije Festeljounskrante 1857 – Lokwinsk oan Alle Yet Libjende Minsken, Det it Mei de 13 Juny Goed Utpakt Is 1862 – It Tsjiende Gebot, of: Sa Komme de Slînders to Pas (blijspul) 1865 – It Huushemelen: En Gesprek in de Biltael Beskreven (yn it Biltsk; yn 1988 bewurke en werútjûn troch Sytse Hotzes Buwalda as: 't Húshimelen: 'n Gesprek in de Bildttaal) 1873 – In Buike oan de Houlikshimmel, of: Wer Twa Kibje, Ha Meastal Beide Skuld (blijspul)

Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk muzykpedagooch Kategory:Frysk publisist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Skriuwer yn it Biltsk Kategory:Persoan berne yn Berltsum Kategory:Persoan stoarn yn Berltsum Kategory:Persoan berne yn 1838 Kategory:Persoan stoarn yn 1874