It wapen en de flagge fan Sweagerfean. Sweagerfean is in earder doarp ûnder Westergeast yn it westen fan de gemeente Kollumerlân en is no part fan Kollumersweach. Yn 1971 waard it krekt as de buorskip Sânbulten by Kollumersweach foege. De namme komt ek foar as Zwagerveen.

It plak is neamd nei it fean fan Kollumersweach. It doarp hie yn de fyftiger jierren in grifformearde tsjerke, in kristlike beukerskoalle, in kristlik nasjonale skoalle en in wykgebou fan it Griene Krús mei âldereinwenten.

Sjoch ek Fryske doarpen, buorskippen en delsettings

Befolking 1954 : 354 1957 : 916? (Faaks 316.) 1959 : 315 1964 : 282 1969 : 228 1974 : 196

De Encyclopedie van Friesland joech yn 1958 oan dat Sweagerfean yn 1957 in tal fan 916 ynwenners hie. Lykwols past dat net by de andere ynwennertallen dy't hjir oanjûn binne. Of it is in gâns oare telling, of faaks hat 916 in skriuwflater west foar 316.

Kategory:Kollumersweach Kategory:Doarp of stêd yn Kollumerlân Kategory:Earder plak yn Fryslân