thumb|Dirk Zeper

Dirk Zeper (Ljouwert, 2 febrewaris 1803 - dêre, 21 febrewaris 1881) wie sjippesieder en boargemaster fan Ljouwert.

Hy wie in soan fan Pier Zeper, drost en boargemaster, en Fenna Hesselink. Riedslid fan 1843 oant 1865, wethâlder (1849-1853 en 1855-1865) en boargemaster fan Ljouwert (1865 - 1871). Dirk Zeper wie Thorbeckiaan.Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek: Zeper (Dirk)

Hy waard yn 1868 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Om reden fan sûnens krige er 1871 earfol dien. Hy stoar tsien jier letter yn de âldens fan 78 jier.

Yn Ljouwert is de Dirk Zeperstrjitte nei him ferneamd.

Kategory:Frysk sjippesieder Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Ljouwert Kategory:Gemeenteriedslid fan Ljouwert Kategory:Wethâlder fan Ljouwert Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1803 Kategory:Persoan stoarn yn 1881